1.1.2.

Ik nim rislewaasjes om op bed te gean. It hat in lange dei west en ik ha myn nocht. Max, ùs hûn, giet al foar my ùt en jowt him noflik del yn syn grutte stoel. Myn man is in nachtbraker en wol perfoarst Pauw en Witteman sjen.

Ik jow my del en lèz in boek. Mar  it steurt my; der stiet in auto foar hûs mei draaiende moter en de ljochten oan. Foar de safolste kear fan bed ôf ik wurt nijsgjirrich. Wa soe der ynsitte? Gjin babbelegûchjes ik gean wer op bed. Mar de moter bliuwt draaien. Ik  freegje my ôf soe der in fryend pearke yn sitte? Ik ha der alle begrip foar, ik bin ek jong west. Mar wy hiene der ljouwer gjin ljocht by en sochten siiddykjes op.

Sa liz ik te mimerjen en wur al nijsgjirricher. It boek kin my net mear boeie en ik betink my wat foar minsken yn dy auto sitte. Dochs doogt it net en ik skilje 1.1.2. In aerdiche plysjeman stiet my te wurd en sil lâns komme. Efkes letter komme der twa plysjeauto`s oan mei fjouwer man. Nei dat se mei bûslântearnen alles besjoen ha geane se foart. De auto wie leech, in bernestuoltsje efter yn. En de eigner, hy sil der wol raer mei oanklaud wèze………

Wat binne dat foar minsken west? Ik sil it wol nea te witten komme de auto stiet der noch as stille tsjûge.

Mar myn ùtstjûring wie spannender dan  dy fan Pauw en Witteman, dat is wis.


Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien