Flaamske Gaai

It is noch betiid op ‘e moarn. Mei slûge eagen sjoch ik nei bûten. De snie en froast komme my temjitte. Nei dat ik de nediche kofje hân ha en noch ris nei bûten sjoch, bin ik ferwûndere oer it moaie winterbyld.

Ik ha noch nea san fûgels by elkoar sjoen. Koalmezen, mosken, roeken, eksters en noch mear fûgels dy ik net by namme kin. Juster ha ik in slinger apenùten in de beam hong. De koalmezen en mosken fine it te min; se geane ljouwer nei de buorren dy ‘t restaurant v.d. Valk oan it skut hingjen hawwe.

Mar dan yn ienen sjoch ik twa Flaamske Gaaien op myn slinger sitten. Hele apenùtedoppen helje se ùt it netsje. Yn in sucht hawwe se alles op. “Och ja wat witte Flaamske Gaaien -hoe moai as se ek binne- fan itensbanken en djûre restaurants?” Myn apenuutslinger ha se al wer op, ik tink mei netsje en al, want der hinget neat mear yn de beam. Mar ja, betink ik my, yn dy djûre restaurants wurd it bestek ek meinaam.

Wat is it ferskil tusken minsken en bisten? Ik moat mar efkes om in nye slinger apenùten…

6 Comments on “Flaamske Gaai

  1. In tige leuk stikje! Dat mien ik. Ik ken mij d’r sa bylden bij betinke…

    Mooi!

  2. Hoe staat het met de gehaktbal die Mem in de boom heeft gehangen? Weten we inmiddels of Vlaamse Gaaien vegetarisch zijn of niet? 🙂

  3. fegetarysk wit ik net, mar se hawwe leaver ko: e gehak, dat is better dan heal om heal, tink ik.

  4. Nog even en Mem heeft een hele snackbar in de boom hangen 😉

  5. Pingback: Miljonèrsfair as Itensbank « Tiden hawwe Tiden

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien