Minsken

Weemoedigens

troch Posted on 1 Comment 1 min read 332 views
Foto: Michael Gaida | PixaBay
Trije dagen efterinoar lizze der leedbrieven by ùs op de doarmatte, fan trije lju dy wy goed kinnen hawwe, de iene better as de oare.

Se binne foar in grut part in ein mei ùs oprûn op ùs libbenswei.

Ik gean der by sitten en lit se stik foar stik oan myn eagen foarby gean.

Op ferskate wegen binne wy elkoar tsjinkaam. De iene troch it tsjerkelik wurk, en de oare troch houlik. De lêste as wurknimmer, dat fjirtich jier duorje mocht.

Mei elkoar oprinne, dat betsjut hichte- en djiptepunten mei-inoar diele.

Se litte in fremd, leech gefoel by my nei. It wie ommers sa gewoan, se wiene der altiid by.

Ik tear de leedbrieven mei weemoedigens op en bin tankber dat ik dizze minsken yn myn libben moetsje mocht.

Weemoedigens

Holland-Amerika Lijn

troch Posted on 2 Comments 1 min read 459 views

Mannestimmen fan in shantykoor sjonge oer fiskers dy hun libben lieten op sé. De seal is ofladen en mannichien sjongt mei, kin min de tekst net dan nùndert min gewoan mei.

Neist my sit in kreaze steatige frou -al op leeftyd- se hat wat oer har wat myn oandacht lûkt. Sy sjongt net mei mar stoarret nei it programma.

Se draacht in trainingspak mei in grut embleem fan de “Holland-Amerika” der op.

Dat is men hjir net went fan in frou fan dy âldens. Der moat ik mear fan witte en freegje; “Heeft u gevaren?”

En dan begjint se seft te praten om net te steuren. Se wie frij faam en hie jierren lang hostess west op it grutte ferneamde skip.

En sa befarre wy tegearre de wrâld en ferjitte alles om ùs hinne.

“Nea de leafde fûn?” freegje ik. “Nee,” seit se; “het schip was mijn grote liefde.”

“Velen hebben een prachtige wereldreis gemaakt en daar mocht ik aan mee werken.” seit se mei in glimke.

Ik gean nei hûs, yn gedachten by de hostess fan de Holland-Amerika Lijn.

Ik wol bliuwe …

troch Posted on 1 Comment 1 min read 371 views
Foto troch frommeske Kat Jayne fan Pexels
Ik wol bliuwe.” seit se striidber, de hânnen yn de skelksbûse en de fuotten wiidùt.

Sa stiet se foar my nei dat ik har sein ha dat de bern grut genoch binne en wy ùs sels wol rêdde kinne.

Se wie al jierren by ùs, twa kear yn `e wike kaam se de boel te behimmeljen.

Fergroeid mei ùs hùshâlding. As wy wer es wat kwyt wiene; Frou Stienstra wist wert it lei.

Se naam de telefoan oan en koe sa troch de jierren hinne ùs hiele famylje en goekunde.

Mar se wie net mear nedich.

“Ik wol net foart.” seit se oerstjûr en gûld it ùt.

“Ik wol hjir bliuwe!” ropt se; “Jo hoege my net te belenjen. Ik wol it fergees wol dwaan. It is myn utsje, thùs ha ik neat mear.”

Se is noch in pear jier bleun, oant se troch in auto oanriden waard.

Faaks moat ik noch oan har tinke, bliid dat ik har kinnen ha.

En tankber dat wy wat betsjutte koene yn har kleurleaze bestean.

“Ik wol bliuwe …”

Nasjonale Foarlêsdei

troch Posted on 5 Comments 1 min read 332 views

Dat Ûs Foppe goed yn fuotbaljen is witte wy allegearre wol.

Mar sûnt juster wit ik ek dat hy hiel goed ferhalen fertelle kin.

Yn it kader fan de Nasjonale Foarlêsdei wie hy as spesjale gast yn ùs fermidden.

Middels in grut skerm ferhelle Foppe oer it hûntsje Harry dat ferdwaald wie.

Jong en âld hongen oan syn lippen.

Mei in High Tea en lekkere hapkes fleach de middei foarby.

“Mei ik in foto fan jo nimme?” freegje ik skrutend want jo witte mar noait mei dy ferneamde lju .

“Jo hawwe leaver in selfie, net? seit er laitsjend en slacht in earm om my hinne.

De middei kin foar my net mear stikken.

😂

Lêsklupke

troch Posted on 3 Comments 1 min read 404 views
Foto: Eflon
Sûnt in hoartsje mei ik minsken fan âldens in middei foarlêze.

Earst hie ik sa myn betinkens want wat moat ik lêze? Moatte it gedichten wêze, teltsjes as koarte ferhalen?

En dan noch; kin it yn it Frysk as moat it yn it Hollânsk?

Om barrens lêze wy foar wat in bytsje geskikt is foar dizze minsken.

De earste kear fûl my raar tsjin. Do ik om my hinne seach wie de helte yn sliep fallen.

“Ik doch it net mear mei,” sei ik nitelich; “ik kin myn tiid wol oars brûke.”

Om net sleau te dwaan bin ik mar troch gien, it binne ommers minsken dy in fersetsje nedich hawwe.

“Wannear begjint it lêsklupke wer?” freget âlde Bringsma; “Ik sjoch er sa nei ùt!”

En der doch ik it foar. Salang dizze minsken mar in moaie middei hawwe.

Ik pak it boekje fan Marten L. de Boer derby: “Ûs dûmny preket goed, mar hy yt better”. Sukses fersekere  🙂

Krystbeam

troch Posted on 2 Comments 1 min read 424 views
Foto troch Les Anderson fan Unsplash
By de buorren has se -no ja, de bern dan- de krystbeam optuge. It is in middelgrutte beam.

By myn broer stiet mids yn de keamer in flinke fersierde beam, prachtich oanklaaid mei alles der op en oan.

“Moai, hear.” sis ik, en mien it ek.

En sa moat ik dizze dagen in soart fersierde beamen bewûnderje.

Wy dogge der net oan mei, wy hawwe al jierren gjin krystbeam. ‘Fremd’ sille jimme sizze.

Ik bin es by mysels te ride gong, wer dat wei komt, dat anty-krystbeam gefoel.

Ik kom ùt in tiid dat de sufeldirekteur, de dokter en de notaris in grutte beam yn de tûn hiene.

En dan stie er ek noch in enoarme beam yn de Herfoarme Tsjerke, der waarden wy as bern stil fan.

Thùs makke ùs mem it gesellich. We dronken sjûkelarjemolke, krigen sûkerbôle en spilen “Mens erger je niet”.

Nei myn gefoel ha wy neat mist en dochs hat dat it begjin fêst west fan de aferzje tsjin krystbeamen, betink ik my.

Mar ik moat sizze; ik fyn it prachtich yn dizze donkere tiid al dy ljochtsjes en fersierde beamen.

“Komme jo efkes?” ropt in âld minske; “Hy stiet er, hear!”

Ach ja… krystbeamen.

Stimmen ùt it ferline…

troch Posted on 1 Comment 1 min read 285 views

De doarbelle giet. Ik ferwachtsje gjin besite mar dat wit min mar noait.

Der stean twa froulje foar myn noas. Ien der fan komt kwa stim en wezen my bekend foar.

“Hoi Wokke.” seit se. We jouwe mekoar in han en in tùt, sa as âlde bekinden dogge.

En sa sitte wy op de bank en prate oer eartiids. Wy komme ùt it selde doarp en kinne de selde minsken.

We hawwe mekoar yn jierren net sjoen mar dochs pakke wy de trie wer gewoan op.

‘Wat is dat dochs?’ tink ik by my sels; ‘Dat jo nea fer fremdzje fan de minsken ùt jo bertedoarp.’

Algauw ferjitte wy de omjouwing en hawwe it oer ùs âlders en bewenners fan it doarp fan doe.

“Komme jimme es wer.” sis ik by it fuortgean want no wol ik mear witte fansels.

En dat allegearre mei troch Facebook. We hawwe inoar wer fûn.

Stimmen ùt it ferline.

Helpende hânnen

troch Posted on 1 Comment 1 min read 357 views
Foto troch Yoann Boyer fan Unsplash
Ien kear yn de wike gean ik te swemmen. Da’s goed  foar myn hernia sizze de gelearden.

Mei my swimt frou Dykstra, se is al fjouer- en njoggentich jier. Troch helpende hânnen wurdt se yn en ùt it swimbad tild.

Yn in kreas swart swimpak swemt se har rûntsjes. “Ik kin jo hast net by hâlde.” sis ik, en skrep achter har oan.

“Jo moatte jo der net op fersjen hear,” seit se; “ik rin op ien foet.”

En sa swemmende wei komme we elkoar hieltyd tsjin.

“Wer komme jo wei?” freegje ik as ik har foar de safolste kear foarby kom yn it wetter. .

“Ùt Rottum mar wy hawwe op safolle plakken wenne.” seit se prûstend.

En se begjint swemmende/rinnende wei te fertellen oer har libben.

In grut gesin mei in soart bern en altyd mar skreppe en wrotte. “It wie net allinnich gelok. We hawwe ek in soart tsjinslach hân.” seit se.

“Der untkomt net ien oan.” sis ik tusken twa slokken gloar yn.

Efkes letter stean de selde helpende hânnen al wer klear om har ùt it swimbad te tillen.

Ferealens

troch Posted on 6 Comments 1 min read 470 views
Foto troch Morgan McDonald fan Unsplash
Hat mem yn har jonge jierren wol es fereale west?” freget de soan yn in fertroulik momint .

“Ach jonge,” sis ik; “do ik jong wie stie ik gauris yn fjoer en flam. Mar it wie net gau goed. Se moasten er wol goed utsjen.”

“Dat hâldt yn; kreas en himmel en net goar en sutrich. En wat er ut de mûle kaam, der lette ik ek op.”

Ùs mem, dy`t alles fan tichteby meimakke, skotholle wol es; “Dat wurdt neat mei it fanke.” sei se tsjin ùs heit; “Se is fierst te krekt.”

Der kaam in hûsskilder foarby dy under de ferve siet.

In boeresoan ùt Skarsterbrêge dy woe de selde wike noch trouwe want de pleats kaam frij.

In ambisjeus jongfeint dy yn fersekeringen die belove my in gouden takomst.

Do wie er in jongfeint ùt Ferwerd, hy kaam efkes oer om in Fryske frou mei te nimmen nei Kanada.

Mar de fonk sloech net oer.

Letter kaam er noch in toskedokter foarby dy my leafdefol fan in senuwûnstekking of holp.

It wiene allegearre fûleindige leafdes dy my nachten wekker hâlden en myn libben op `e kop setten.

Do kaam ik him tsjin en hy is bleun…

High five!

troch Posted on 1 Comment 1 min read 329 views

Twa jonkjes komme my gekjeiend temjitte.

Se binne nei it swimbad west.

De iene is sawat njoggen jier en de oare seis, tink ik.

Se untdekke in piano en klappe net sachtsinnich de klep omheech.

“Kinne jimme pianospylje?” freegje ik en wiis nei it musykynstrumint.

Se sjogge my skrutend oan.

“As ferstiest gjin Frysk?” sis ik tsjin de âldste.

“Spreek jij Arabisch?” freget er.

In pear grutte donkere eagen sjogge my utdaagjend oan.

“Ne.” sis ik; “Ik wol it wol leare mar dan moast sto Frysk leare.”

We jouwe mekoar in high five. As te wol: belove is belove.

De lytse seit noch gau efkes, yn it geef Frysk; “Ik ha diploma A helle en hy net!”

Ik moat Arabysk leare wol ik dizze knapen foar my winne,

High five!

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien