'Lockdown'

troch Posted on 0 Comments 1 min read 417 views

Hast it al heard?" seit in buorfrou, "Alle duorren geane ticht en op slot. Earst fanne wike de sietduorren fan it gebouw, en no de haadyngong."

Stadichoan wurdt de kring lytser om ùs hinne. We kinne net mear in rûntsje meitsje yn de tùn. Yn it gebouw is de eangst  foar besmetting fielber, as ik er oan kom stowe se elk in in kant ùt.

Oardel meter fan elkoar ôf stean, seit min mar in soart minsken binne hjir dôf; hoe moat dat dan?

Guon lju wolle boadskipje yn it winkeltsje, se kinne alles op 'e rekken sette, mar dat binne se net mear went... dat wie eartiids sa. 

"Ik wie krekt by de apoteek," sei wer in oaren ien, "mar der koe ik mar ien doaske paracetamol krije, en dat mei myn rimmetyk."

Skodholjend giet se fierder, se begrypt er neat mear fan.

Myn buorfrou hat in pûdsje mei drop oan in tou ùt it raam hong want de beppesizzer hâld der sa fan. "Mar dat mei ek net." seit se triest en joat my de drop.

De list fan ferbodsbepalings wurdt  al langer en langer. Ik begjin myn libben er op yn te stellen, wat moat min oars?

Dochs hat it fires goeie kanten; de minsken begjinne elkoar te wurdearjen... se sitte ommers yn it selde skouke.

Wy hoopje mei-inoar yn ienridegens dizze striid te winnen.

'Lockdown' ...

Print Friendly, PDF & Email
Abonnearje
Notify of
guest
0 Comments
Inline Feedbacks
View all comments
Previous
Corona

0
Would love your thoughts, please comment.x
()
x