Tag Archives corona

Toskdiskriminaasje

trochPosted on 1 Comment1min read1169 views

Sûnder reden, gjin hurde nùtsjeboel as sa, falt er in fulling ùt myn kies. In pear dagen letter noch ien, en omdat ik grutsk bin op myn eigen gebit meitsje ik my der soargen oer.

Ik gean nei immen ta fan it âldereinhûs, dy my miskyn fierder helpe kin.

In skofke letter komt se werom en seit, ‘Mei oerliz soene wy wol helpe kinne.’

Om wis te wêzen skilje ik mei myn toskedokter en lis him it gefal ùt.

Ik krij de assistinte oan de line. ‘Waar woont u?’ freget se, ‘Dat witte jimme wol, ik bin al wol fjirtich jier klant,’ sis ik.

Se hawwe in probleem, bemerk ik wol. Se besiikje er ûnder ùt te kommen, se binne er mei oan.

Dan krij ik de toskedokter sels oan de line. ‘Waar woont u?  freget er wer.

Ik sis, ‘Yn in âldereinhûs. En ik ha twa losse fullingen.’

‘Het probleem is,’ seit er nei in skofke, ‘verzorgingstehuizen dat zijn haarden van virussen. Daar komen wij liever niet.’

‘Ja, mar ik moat dochs holpen wurde,’ sis ik nijsgjirrich. 

‘We moeten wachten op wat Premier Rutte te zeggen heeft. Zien we daarna verder.’ seit er. 

Myn soan kaam thûs, en krige tafollich itselde ungemak mei syn gebit. Mar hy koe daliks holpen wurde (..).

‘Diskriminaasje.’  ropt er, mar sa fier wol ik net gean, jo wol?  

Toskdiskriminaasje. It moat net gekker wurde.

Berêsting

~ Oare tiden ~

trochPosted on 1 Comment1min read981 views

De telefoan giet. In entûsjaste stim ropt; “Moast bûten sjen! Ik stean nei dy te swaaien!” Op in bankje fierderop sit in frommeske en besiket kontakt mei my te krijen.

It kabinet hat besluten om de maatregels te ferlingjen oan’t achtentweintich april .

De reaksjes fan de bewenners binne ferskilllend.

In freondinne sei; “Dat haal ik niet. Bestel de ambulance nu meteen maar.” Se kin net mear rinne en slyt har dagen yn in oanpaste wein dy spesjaal foar har makke is.

Har ienichste ùtsje is efkes nei bûten te gean, de sinne op har gesicht te fielen. Ik ha mei har te dwaan mar wat doch ik der oan? 

Yn in krinkje binne se oan it fuotbaljen, in famke flocht har de skonken ùt it gat, de bal fleant alle kanten ùt.

Fjierderop ha se de buorren ùtnoege kofje te drinken yn ‘e gong en mei genoch romte er tuske  slagget dat ek noch. 

In ynwenner soarget eltse dei dat de lju de krante yn ‘e bus krije, elts is ree om wat foar inoar te dwaan. 

Mei in protte help en ynset fan it personiel en bestjûr fan dit aldereinhûs hawwe hjir gjin besmettingen pleats fûn. 

“We moatte it mar oer ùs hinne komme litte.” seit de man, en treaun de rollater muoisum foar him ùt. 

Ik jou him in triuw mei myn earmtakke want sa dogge wy dat hjoed-de-dei dochs.

Berêsting…

‘Lockdown’

trochPosted on 1 Comment1min read969 views

Hast it al heard?” seit in buorfrou, “Alle duorren geane ticht en op slot. Earst fanne wike de sietduorren fan it gebouw, en no de haadyngong.”

Stadichoan wurdt de kring lytser om ùs hinne. We kinne net mear in rûntsje meitsje yn de tùn. Yn it gebouw is de eangst  foar besmetting fielber, as ik er oan kom stowe se elk in in kant ùt.

Oardel meter fan elkoar ôf stean, seit min mar in soart minsken binne hjir dôf; hoe moat dat dan?

Guon lju wolle boadskipje yn it winkeltsje, se kinne alles op ‘e rekken sette, mar dat binne se net mear went… dat wie eartiids sa. 

“Ik wie krekt by de apoteek,” sei wer in oaren ien, “mar der koe ik mar ien doaske paracetamol krije, en dat mei myn rimmetyk.”

Skodholjend giet se fierder, se begrypt er neat mear fan.

Myn buorfrou hat in pûdsje mei drop oan in tou ùt it raam hong want de beppesizzer hâld der sa fan. “Mar dat mei ek net.” seit se triest en joat my de drop.

De list fan ferbodsbepalings wurdt  al langer en langer. Ik begjin myn libben er op yn te stellen, wat moat min oars?

Dochs hat it fires goeie kanten; de minsken begjinne elkoar te wurdearjen… se sitte ommers yn it selde skouke.

Wy hoopje mei-inoar yn ienridegens dizze striid te winnen.

‘Lockdown’