Spannende tiden

troch Posted on 3 Comments 1 min read 335 views
Foto troch Shahin Khalaji fan Unsplash
Der stiet hja yn 'It Fermidden' (de grutte seal), it is kofjetiid. In slank eptich frommeske, se is de direktrise fan dit âldereinhûs.

En ás sy komt, dan is er wat te rêden. Eltsenien dy dat noch kin, giet rjochtop sitten.

'Wa is sy?, wurdt er flústere, 'Kinst sto har?' 'In nije bewenner, seit er ien.

'Ne, der is sy te jong foar. Se sil wol yn it bestjûr sitte.' tinke se.

En dan nimt sy it wurd; der is besmetting fûn op in oare ôfdieling fan it hûs.

De minsken begjinne trochelkoar hinne te praten en dan baarne de fragen los: 'giet ùs lèsmiddei wol troch?' En 'meie wy noch wol bridsje as spultsjes dwaan?'

Foar guon lju is it wat tefolle en wol der mear fan witte. In minske fan omtrint hûnderd ropt: 'Mei ùs Geale wol komme?'

De oanwêzigen moatte it earst besinke litte. Mens erger je niet en it damjen lizze er rommelich by.

Wy, dy oan de 'goeie' kant fan it gebou wenje en noch net besite hân ha fan it firus, skriuwe in kaart mei in bemoedigjende tekst er op.

Binne hjirre wol geskikte teksten foar? freegje ik my ôf...

Spannende tiden, dat binne it.

Print Friendly, PDF & Email
Abonnearje
Notify of
guest
3 Comments
Âldste
Nijste
Inline Feedbacks
View all comments

appelvrouw

Bij mijn tante hing een spreuk op een plankje gespijkerd: elke tijd kent zijn strijd.
Dit is wel een heel bijzondere tijd, wij maken deel uit van de toekomstige geschiedenisboeken!

Elske

Ik ha begrepen dat jim mei syn allen it coronafirus fuort jage ha. Chapeau!
Ik ha wol oan jim tocht, hoe soe it komme en hoe soe it mei jo wêze?
Jo ha no de ûnderfining fan maart-april dit jier en no, mar miskien ek noch út de ferhalen fan froeger oer sokke tiden.

Mar it gewoane leven giet ek troch. Ik kin de oare healte fan my toffel nergens fine. Elke dei hat genôch oan harsels.

Henk

It folsleine genoom fan SARS-CoV-2 hawwe hja noch nea net bestimd en dêrom kinne hja syn besteanberens net hifkje.

Previous
Werom- en foarùtsjen

3
0
Would love your thoughts, please comment.x
()
x