Beppedei!

Ta myn grutte blidens binne fane moarn élf einepyken ùt de koer rûgele.  Memein gong foarop al roppend dat se avesearje moasten. Want Bouke, de reade kater fan de buert, hie krekt efkes skoft. No wie it feilich.  Yn flot tempo sette memein de stap er yn, it jonge spul koe har amper byhâlde. In … Read more

Emosjoneel

Hat mem ek boadskippen nedich?,’  freget soan T. ‘Ja,’ sis ik, ‘mar do meist er net yn. It gebou is sletten.’ ‘Wat hat mem nedich?,’  freget er en ik neam de meast unnutte saken op. Efkes letter krij ik it berjocht; ‘Ik kom er oan, hear !’ Ik set my foar in raam wat in … Read more

Berêsting

De telefoan giet. In entûsjaste stim ropt; “Moast bûten sjen! Ik stean nei dy te swaaien!” Op in bankje fierderop sit in frommeske en besiket kontakt mei my te krijen. It kabinet hat besluten om de maatregels te ferlingjen oan’t achtentweintich april . De reaksjes fan de bewenners binne ferskilllend. In freondinne sei; “Dat haal ik … Read more

‘Lockdown’

Hast it al heard?” seit in buorfrou, “Alle duorren geane ticht en op slot. Earst fanne wike de sietduorren fan it gebouw, en no de haadyngong.” Stadichoan wurdt de kring lytser om ùs hinne. We kinne net mear in rûntsje meitsje yn de tùn. Yn it gebouw is de eangst  foar besmetting fielber, as ik er … Read more