De Simmercolumn

De NOS hat simmers op it nijs in simmercolumn fan ferslachjouwers oer de hiele wrâld. Tige nijskjirrich. It giet oer aparte kultueren en gewoantes. Sa die Margriet Brandsma ferslach oer de mummies ùt Wiuwert. Troch in gids waart sy ynformmeare oer de minsken en hun omjouwing. Yn geef Frysk die Margriet ferslach fan de skiednis [Lês mear »]

De ferfanger

Pûr lilk slacht hy op de toetsen fan syn kompjûter. “Gisteren opgehouden en vandaag al uit het systeem.” seit er. Wy sitte by de hûsdokter. It is in ferfanger. De man hat wol tritich jier hûsdokter west yn ùs omkriten. En nò mei hy ynfalle foar kollega`s dy mei fekânsje geane. Sa binne wy by him [Lês mear »]

It hat luzen

“Dat soe ik nèt dwaan”, seit se. Ik sit op in bankje by it busstasjon. Ik bin oan de betiide kant en ha alle tiid om de reizgers te beskôgjen. Yn ienen giet se neist my sitten. In frommeske fan om en de by de fjirtich jier. Mei in swiere sucht: “Ik ha fiif wike fekânsje. [Lês mear »]

Saakkundigens

“Kan ik u helpen, mevrouw?” seit it famke sjin my. Ik stean yn in drogisterij. “Ja,” sis ik; “ik soe graach pleisters ha wolle en dan oan de rolle.” “Wat zegt u, mevrouw?” Ik sis; “Ik soe graach pleisters ha wolle. Oan de rolle.” Ik liz har ùt dat dat handiger is: “Dy kinne jo op maat [Lês mear »]

Jehannes

It is sneintemoarn. Jehannes hat noch net skille. Hy sil wol op de fyts gean. “It is knap waar.” tink ik by my sels. En sa set ik de stap der yn. It is in grutte binde yn it sintrum. Min moat oppasse wer`t jo rinne. It is de Night of the Koemarkt west. De gemeente is [Lês mear »]

Opromje

Ik bin op ‘e souder en siikje om wat. Ik moat it hawwe, dat wit ik seker. Mar wer leit it nò? Dèr leit fan alles. Boadtersguod, Lego, kraanweinen en autotsjes. Elk wykein as wy mei de boat fuort gongen kocht ik foar de iene in autotsje en foar de oare in stripboek. En dan [Lês mear »]

Betanke

Tusken de folders leit in prachtige kaart. Hy falt op troch de bûnte kleuren. Op de kaart stiet in bliere femylje dy mei fekânsje giet. “Hoe kin dat nò?” tink ik by mysels; “Ik kin dy lju net iens.“ Mei grutte giele letters stiet er op “Betanke“. Ik draai de kaart om. Beste mevrouw, kort [Lês mear »]

Ûnwennigens (1)

Ik heb me nog nooit zo gelukkig gevoeld.” seit se. Ik bin by in freondinne op besyk. We kinne mekoar al jierren. Fan ôfkomst is sy in Deenske. Se learde har man kinnen yn Kopenhagen. As seeman kaam hy gauris yn it selde kafè. Sy hie krekt in mislearre houlik achter de rech en wie [Lês mear »]

“It komt wol goed”

It stikje Begripe hat aerdich wat besite en trije reaksjes opsmiten. Wierskynlik binne der mear memmen dy wol ris mei hun jeugd yn debat geane. Mar èk wol ris tinke: “Wat doch ik ferkeard?” as “Hoe moat ik hjir mei oan?“ Ik wol gjin âlderwetske mem wèze en op ‘e hichte bliuwe fan dy dingen wer`t [Lês mear »]

Begripe

“Mem begrypt my net.” De soan is in pear dagen thus. Wy prate dan oeral oer. We moatte de skea ynhelje. Hy wennet om ùtens dus ùs kontakt giet fia e-mail en sms. Sis nò sels: dan kin jo net oer grutte libbensfragen diskusjearje. As wy skilje dan kinne wy hiel goed mei elkoar prate. [Lês mear »]

>