Betanke

Tusken de folders leit in prachtige kaart. Hy falt op troch de bûnte kleuren. Op de kaart stiet in bliere femylje dy mei fekânsje giet. “Hoe kin dat nò?” tink ik by mysels; “Ik kin dy lju net iens.

Mei grutte giele letters stiet er op “Betanke“. Ik draai de kaart om.

Beste mevrouw, kort geleden heeft u geld op onze bank 
gestort.
En met deze storting heeft u de "Vakantiebank"
gesteund. Deze
stichting regelt gratis vakanties voor
families zoals de familie
Welgraven uit Barneveld.
Mede door u gaan zij voor het eerst
in jaren met vakantie.
Onze bank dankt u hartelijk
.

Ik bin op ien ein. Myn bank stjûrt minsken mei fekansje fan myn jild. Se ha my noait frege as ik dat goed fûn. En dan noch: ik bin as klant anonym en hear net tusken de folders te lizzen. Ùt argewaasje stjûr ik in mail en liz de saak ùt. Hiel netsjes want ik bin op syn best as ik lilk  bin -dat ha ik fan ùs mem-.

Twa dagen letter kry ik berjucht werom. Mei noch es in betankje dat troch my oare minsken mei fekânsje  kinne. Hielendal gjin antwurd op myn protestbrief.

It is bedoelt as reklame.” susket myn man; “Moast dy nèt sa opwine.” Dochs nim ik dit nèt. Se kinne nèt mei my hinne en werje. Der moat mar wer in brief hinne. Mooglik sit er foar ùs ek wol in fekânsje yn.

De ienichste bank dy ik fertrouwe kin is de bank achterhûs en dat is in geve  🙁

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien