Saakkundigens

Kan ik u helpen, mevrouw?” seit it famke sjin my. Ik stean yn in drogisterij. “Ja,” sis ik; “ik soe graach pleisters ha wolle en dan oan de rolle.” “Wat zegt u, mevrouw?” Ik sis; “Ik soe graach pleisters ha wolle. Oan de rolle.” Ik liz har ùt dat dat handiger is: “Dy kinne jo op maat knippe.” “Maar mevrouw, dat was vroeger zo. Nu zijn ze kant en klaar en hygiënisch verpakt.” “Nò, toe dan mar.” sis ik.

Ik bin wer âlderwetsk‘ tink ik by my sels. Sa kom ik thùs en pak de doaze ùt want fan al it rinnen ha ik de hakken spek iepen. Ta myn grutte argewaasje komt in rolle pleisters my temjitte. Dat bedoelde ik nò, dus ik bin nèt âlderwetsk.

Sa kom ik by in telefoansaak. Ik wol in mobyltsje ha mei grutte nûmers en in grut skerm. De jong feint docht syn best en slooft him ùt. Op it lèst as hy de hiele winkel op è kop set hat, seit er: “Wat u zoekt dat is uit de tijd.” De baas komt er by en freget wat er oan de hân is. “Jonge, hie my  roppen. Mei al dy âlde minsken binne dy dingen net oan te slepen. We hawwe der in aparte hoeke foar.” seit er.

Sa rin ik efkes letter nei hûs mei twa skythakken mei pleisters en in mobyltsje mei grutte nûmers en in grut skerm. Ik freegje my ôf: soene de middenstânners ek wat oan saakkundigens dwaan kinne?

En lit nea blike dat de klant nèt mear meikomme kin. Sa is dat. 😀

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien