Ûnwennigens (1)

Ik heb me nog nooit zo gelukkig gevoeld.” seit se.

Ik bin by in freondinne op besyk. We kinne mekoar al jierren. Fan ôfkomst is sy in Deenske. Se learde har man kinnen yn Kopenhagen.

As seeman kaam hy gauris yn it selde kafè. Sy hie krekt in mislearre houlik achter de rech en wie tige ûngelokkich. Doe sy him wer es tsjin kaam frege er har om mei him te trouwen. “Ach,” tocht se; werom ek nèt?” Hy gong wer nei syn skip en sy op de trein nei Nederlân.

Oait wie se in kear yn Amsterdam west mar se wist folslein neat fan it lân as de taal. Dea ûnwennich siet se te gûlen yn de kûpee oant der in treinkondukteur lâns kwam. Hy gong neist har sitten en frege wat er oan mankearre. Hy naam alle tiid foar har en fertelle har fan alles oer  it lân wer`t sy nei op wei wie.

Nei ferrin fan tiid krigen se twa bern en beppesizzers. In jier as wat allyn ferstoarn har man en waard te hôf brocht yn har heitelân. Ek in dochter hat har dèr ta wenjen set. Myn freondinne is nea yn murch en bonken in Nederlânske wurden .

Se hat einlik it gelok fûn by Jan, in widner.

Wat woe se noch graach dy treinkondukteur moetsje. Se is him noch altiid tankber.

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien