Minsken

Glês-yn-lead

troch Posted on 7 Comments 1 min read 786 views

Der sit in famke fan san tretsjen jier foaroan yn de grutte ymposante Doelhoftsjerke (op Maps) fan Âldeboarn. It is 15 april 1948. Der sil in grut glês-yn-lead raam ûntbleate wurde. De tsjerke sit grotfol mei ynwenners fan de omlizzende doarpen ùt de gemeente (doe noch) Utingeradiel.

Hun boargemaster, Jhr. Mr. Paul Marinus van Baerd van Sminia (hjir mear; twadde alinea), sil betocht wurde. Hy is op de Befrijingsdei fan Fryslân -15 april 1945- yn Dùtslân deasjitten. En sa wolle de ynwenners mei in raam hun boargemaster earje. Onder it oargelspyljen fan "Abide with me" waard it raam troch de twa soanen Hobbe en Frans onthulle.

[audio:https://www.tidenhawwetiden.nl/wp-content/uploads/2012/04/Mormon-Tabernacle-Choir-Abide-With-Me.mp3|titles=Mormon Tabernacle Choir - Abide With Me]

Ik wie der djip fan under yndruk, dat wit ik noch hiel goed. Nò siet ik der wer en belibbe op nij de unthulling fan it jier 1948. It raam is troch de beide skoallen fan it doarp adopteare. Elts jier wurd op 15 april de boargemaster betocht troch skoalbern en ynwenners mei in krâns en sels makke gedichten. Nei in minùt stilte en it sjongen fan it "Wilhelmus" kaam er in ein oan dizze gearkomste. 

As âld Boarnster leit dit barren my tige oan it hert. Salang as ik kin sil ik der by wèze...

Tentoanstelling

troch Posted on 2 Comments 1 min read 616 views

"Hast ek noch in fergeesreizgjen kaartsje?" freget myn freon. Wy hawwe beide in abonnemint fan it spoor. "Der is in ymposante tentoanstelling yn de Nieuwe Kerk yn Amsterdam. De titel is 'Jodendom, een wereld vol verhalen'." En sa sitte wy yn de trein nei Amsterdam. Hy hat de tas mei broadsjes en ik de kofje. Want sok soart saken kin min yn de trein net mear tsjin komme. "En as ik nò nei it toilet moat, hoe moat dat dan? Want dat skynt  ek net mear te kinnen." seit er. "Dan dochst it mar yn de tas fan de broadsjes." sis ik.

Wy komme by de Nieuwe Kerk en wringe ùs tusken de lange rigele besikers. Nei dat wy lâns allegear bewakingsminsken gong binne meie wy troch rinne. De tentoanstelling jouwt in oersicht fan trijetûzend jier skiednis fan de Joden. Mear dan fiifhûnderd opjekten ùt de hiele wrâld  bin der by elkoar brocht. Sels in museum ùt Jeruzalem (wat sy noait dogge) hat oarspronkelike stikken ùtliend oan dizze tentoanstelling. Djip ûnder yndruk gean wy nei hûs. We geane yn de earste klasse sitten, dan kinne wy fan gedachten wikselje oer wat wy sjoen en opmurken ha. We sitte amper yn de trein as der ropt al immen dat wy stil weze moatte,want wy sitte yn in stilte kûpee (..)

'Jodendom, een wereld vol verhalen'

Ik kin it jimme oanride. Yndrukwekkend...

Peaskefjoer

troch Posted on 0 Comments 1 min read 508 views

"Kom je op mijn verjaardag?" freget myn freondinne; "Wy gaan een enorme berg hout opstoken."

As rasechte Amsterdammers ha sy hun hjir ta wenjen set. Se kochten in ùtsloere pleats en mei  ûneindich geduld ha sy oan it ferbouwen west. En noch  is it net klear. Yntiid is har man ferstoarn mar sy giet stiif troch. Alles hat se har troch de tiiid eigen makke.Mitselje, seachje, laskje neat is har tefolle. En dan de bisten dat is by har it wichtichste dat is har libben. Se hat fjouwer bern mei oanhing en beppesizzers. En allegearre hiene sy hun hûn meinaam. Acht hûnen werûnder twa bisten ùt Portugal, fjirders wiene se fan ûndùdlike ôfkomst.

De âlste soan luts mei in kraan de beamen ùt de grûn en wy moasten meielkoar steapelje. Sa nò en dan skoftsje en dan wer los. Tsjin de jûn waard de bult hout oanstutsen. Myn freondin seach mei mankelyke eagen om har hinne. Wer binne de beamen bleaun dy sy en har man plante ha? Mar elkenien fynt dat it geweldich opknapt is  en wat is it oprèdden. Wy jouwe ùs ùtpoept del. De hûnen mear dea as libben oan ùs fuotten.

Wat wie it in geselliche jierdei mar hoe soe ik my moarn fielle?

Mormoanen

troch Posted on 2 Comments 1 min read 646 views

 

Tagelyk as wy ite sille giet de doarbelle. Der steane twa jongfeinten. Kreas yn it swarte pak, wyt oerhimd mei bypassende strik. "Kent U de Mormonen, mevrouw?", freget my ien fan de jonges. "Wol fan heard mar kenne? Nè." sis ik. Aerdiche jonges, net optwingerich. Samar ynienen sis ik; "Ha jimme ek sin oan in panne snert?" Se witte net wat it is. "Griene beanensop." sis ik. "Kom der mar yn."

En sa sitte wy nei it yn 'e kunde kommen mei elkoar oan tafel. Twa wyld fremde jonges ùt Utah, Amerika. Nei twa dikke pannen snert begjinne se te ferheljen oer hun missy. Wat wit ik nò fan de Mormoanen? Se ferhelje oer hun âlders, bruorren en susters. Oer Utah en oer hun oplieding. Nei in stringe seleksje en drege stùdzje wurde hja ùtstjoerd. Hun aldelju draaie foar de kosten op. Foar twa jier gean se nei it bûtenlân en dan wurde se wer ôfwiksele.

Foar dat wy it troch hawwe fleant de tiid om. Se gean oerein en freegje as sy ek wat dwaan kinne om it miel te beteljen. "Nè, gean mar gau wer by de doaren lâns en fertel oer de Mormonen." sis ik.

Ik swaai noch efkes de jonges ùt Ùtah nei. De panne mei snert is skjin leech...

Komplement

troch Posted on 5 Comments 1 min read 647 views

Wy hawwe besite en prate oer alles en noch wat. Oer polityk en fansels de ekonomyske tastân. We binne it iens dat it ùs allegearre reitsje sil. Sy wol mei in grientetùn begjinne en hy sil sels oan it ferfjen.

"Nò," sis ik; "ha jimme al achterhûs sjoen? Ik ha de tùnskuttingen ferve." "Ja, we hawwe it wol es minder sjoen. Jo moatte der oan wenne.", is it andert. Ik begjin oan my sels te twifeljen. Ha ik it nèt goed dien? Liket it bespotlik? "Dò moast dy nearne fan oanlûke.", seit myn man; "Dyn eigen dingen dwaan. As sto sels mar tefreden bist."

Ik freegje my ôf: werom kinne minsken gjin komplementsje jaan? As jo it nèt leie meie, dat kin barre, mar dan kin jo dat dochs wat omsile? Jimme dy dit lèze ha der faaks ek wol ris mei te krijen hân. Nije klean as in nij kapsel... neam mar op. Sels bin jo der osa grutsk op. Wat is dat foar fenomeen? Is dat spesifyk Frysk as is it Nederlânsk?

Wat docht in skouderklopke as in komplementsje faaks goed.

"Wat hast it gesellich." sis ik tsjin myn soan. Hy sit midden yn in grutte binde mar hy hat de kofje brùn en de kearsen oan. Ik bin wolkom.

Reiskiste

troch Posted on 8 Comments 1 min read 699 views

Mei ik dy reiskiste fan jimme?", freget ùs soan. Sûnt wy it op 'e kop tikke ha seurt hy der om. Mar wy hawwe wat mei dy kiste.

By it opromjen fan in âlde pastorije kaam myn man er mei thus. Nei noch al wat beswier fan myn kant waard hy op souder set. En wat wie hy noflik. Alles koe ik der yn: dûnstekkens, holkessens en safuort hinne. En dan noch de histoarje fan dy kiste. Hy is fan fjurrenhout, hat in rûn deksel en is beklaaid mei sekkeguod. Yn de kiste sit âld bûnt behang. Ek sitte d'r koperen kopspikers yn it deksel mei de letters K.B. En it moaie dèr fân is: de eigner ha ik noch kinnen (Klaas Bijlsma). In grutte, yndrukwekkende man, by libben notaris fan Frentsjer en jierren belutsen by it keatsjen.

Ôfrûnne snein wie it wer safier; "Mem, mei ik dy reiskiste?"
"Wer wolst him del sette?", freegje ik.
"Yn de wenkeamer. Ik ha der al in plakje foar."
"Nò,toe dan mar," sis ik; "as sto dyn nocht hast komt hy wer thus. Nea ferkeapje!"  

En sa nim ik ôfskie fan K. B. It docht my mear dan ik tocht hie...

High Tech

troch Posted on 1 Comment 1 min read 529 views

"Wat hast in moaie brommer.", sis ik tsjin it famke. Flak foar myn fuotten bliuwd se stean."It is in scooter, hear.", laket se. "O," sis ik; "alles is by my in brommer. Mar wat in moai ding. Wat is hy fleurich yn `e ferve." "Ja," seit se; "ik ha der hiel wat foar ôfwrotte moatten."

Ik sels bin ûnderweis nei `t tsjerke en gean lâns it stasjon. It is ien grutte rotsooi; bergen fytsen lizze oer elkoar hinne. De jeugd is justerjûn te stappen west en hat fan it fytsenterrein in boarterstùn makke. It frommeske hat de tiid en en ferhellet hoe sy de scooter yn har besit krigen hat.

"Fertrouwst it wol om yn dizze binde it ding te parkearen?" freegje ik har. "Nè," seit se; "myn hightech helm fan in pear hûnderd euro is ek al stellen." "Kom mar mei," sis ik; "set him mar by ùs  achterhûs del. Dèr is plak genoch." En sa rinne wy efkes letter werom nei hûs; in unbekind frommeske, in scooter en ik.

Ik hoopje net dat Clara en Coen op my wachtsje sille, want dit giet foar....

 

Beskaving

troch Posted on 6 Comments 1 min read 579 views

Mei in grau flokwurd komt myn buorfrou achterom. Se hat har dei net, alles sit har tsjin. Ik jou har in bakje kofje en freegje wat har dwers sit. Nei wer in flokwurd ferteld se wat har oerkaam is. "Wèrom flokst sto sa?", freegje ik  har. "Doch ik dat?", seit se fernuvere. "Ja," sis ik; "werom dochst dat"? "Oh, ik fyn dat ik it noch kreas ferbasterje." "Ja mar it klinkt nuveraardich.", sis ik.

Ik ha in winkel hân en klanten woene dan ek wol es krachttermen brûke fansels neat op tsjin. Mar flokken en gore taal ha ik nea wat mei hân. Soe ùs memmetaal net tarikkend wèze om ùs emoasjes yn ùt te drukken as hat it mei ynerlike beskaving te krijen?

En dan yn grutter ferbân: hat it ek mei beskaving fan in folk te meitsjen? Wat fine myn kritikasters dèr fan? As is dit minske nèt mear fan dizze tiid?

Frerik & ik

troch Posted on 3 Comments 2 min read 634 views

"Frerik èk in kopke tee?"
"Ja wis...", sei Frerik. 
"Asjebleaft."
"Sille wy efkes ite, Frerik?"
"Ja, dat kinne wy wol dwaan."

En sa gong dat petear de hiele dei troch. Frerik wie in âld feint en wenne allinne. En ik tink dat hy hiel iensum wie. En sa krige hy de bynamme Frerik & ik.

Yn myn doarp wiene mear aparte bewenners. Der wie ek in skytskjinne buorfrou. Elke maitiid waart de kachel yn it stap tôge wat in heidensk karwei wie. By de Boarn, dy troch it doarp rûn wiene houten stappen makke. Der koene minsken eartiids hun wask dwaan. En der waard dan de kachel ùtspield. Oant sy op in kear it lykwicht ferlear en mei kachel de Boarn yn gong. Mar der wiene altiid minsken yn de buert en hellen har der wer ùt.

Tsjin de gevel fan de ienigste kappersaak stienen altiid fietsen fan klanten. En sa koe ik fietsen leare: efkes in fiets liene, gau in rûntsje om yn it doarp en dan hurd wer del sette. Op in dei gong it mis, hoe wit ik net mear, mar ik bedarre mei fiets en al yn de Boarn. Under it kroas sette ik de fiets teplak.

Ek woe der es in frou har fersûpe mar foar dat sy yn de Boarn sprong warskouwe sy earst de buorlju. Dy seinen; "Lit har earst mar efkes spartelje, dan docht sy it fèst net wer." Ek hiene wy in buorman mei ien earm. Myn buorfamke en ik hiene dan spul om de lege mouwe. De man hjitte dan ek Bouke Earm. Sa kin ik nog hiel wat ferhelje oer de minsken ùt myn doarp.

Dit wiene samar wat anekdoates ùt myn jeugd oer wat him ôfspile om de rivier de Boarn hinne.

Ynbrekkers

troch Posted on 5 Comments 1 min read 570 views

Twa jonges mei in bûtelânsk ùterlik en in hiele grutte hûn komme ùs te mjitte. Max skrikt him wezenleas en wol wèrom. De jonges komme op ùs ôf en sizze freonlik; "Hij doet niets, mevrouw. Hij dreigt alleen maar. Wij hebben hem als waakhond aangeschaft want wij hebben een nachtelijk beroep." Op myn fraach wat hun berop is fertelle sy my dat hja ynbrekkers binne. "En ja, dan moet je je eigen huis en haard veilig stellen, vindt u niet?" Nò, der kin ik my wol ynfine. 'Waar woont U, mevrouw? Dan houden wij daar vannacht rekening mee."

Nei in hertlike groet geane Max en ik fjirder. "Wat aerdiche jonges...", betink ik my; "en sa hoflik." Max en ik rinne gerèst nei hûs ta. Us hûs sil fannacht feilich wèze. Dy bûtelânders, dy fâlle osa mei. Sa sjoche jo mar wer; min moat fan wjerskanten begryp toane.