Jehannes

It is sneintemoarn. Jehannes hat noch net skille. Hy sil wol op de fyts gean. “It is knap waar.” tink ik by my sels. En sa set ik de stap der yn.

It is in grutte binde yn it sintrum. Min moat oppasse wer`t jo rinne. It is de Night of the Koemarkt west. De gemeente is al drok dwaande de troep op te rêdden. Ik stean wiidweidich stil foar de etalaazjes fan de froulju  De Jong. Ferleiderlike baaiklean lizze ùtnoegjend te wachtsjen op moaie strânnen.

Ik rin fjirder en sa stean ik foar de tsjerkedoarren. De yzeren hekken binne ticht. “Sokses as ‘t biste; it is de snein fan Tsjalbert ommers! Wèrom hat Jehannes dat nèt tsjin my sein?

Ik mis him. Hy hâld my altiid mei fan alles op ‘e hichte. It sil wenne moatte. Ik tink foar ùs allegearre. Fertritlik rin ik nei hûs.

De strjitten binne yntiid skjin makke. De roomske klok slacht. Op de terrassen sitte de earste kofjedrinkers. De snein is ùtein set.

Dat wie in koarte preek, nèt?” freget myn man. “Ja,” sis ik; “mar wol in goeie!

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien