It Ynterview

Foar it earst yn myn libben sil ik interviewt wurde. Foar de televyzje is dat in gewoane saak fansels. Mar it wurd wat oars as jo sels it ûnderwurp binne. Wy hawwe yn ùs omjouwing in nije glossy wykkrante krige. En der hearre ynterviews yn fansels. En omdat wy yn in jonge buurt wenje en [Lês mear »]

Kritikaster

Mei in ploechje froulju sille wy sinterklaasjûn hâlde. Elts moat in kadootsje mei nimme mei ien betinkst; der moat in gedicht by.   Al gau tink ik oan in grutte doaze sûkelarje, der kin nimmen wat op tsjin ha. Mar dan komt it; wat gedicht rimet op sûkelarje? Earst mar op ynternet sykje mar dat [Lês mear »]

Waarsiik

Ik moat ta jaan; ik bin gefoelich foar waarsferoaring. Ik bin in minske dy de sinne op ‘e lea ha moat. Wurd it tsjuster om my hinne dan wurd myn moed trystich. Wier, ik wol der net oan ta jaan want it binne allegearre babbelegûchjes. As it wer safier is dan giet myn man in [Lês mear »]

Bûgd mar net brutsen

“Folhâlde, jonge.” sis ik tsjin de beam. Ik sit foar it rùt en sjoch him wrakseljen tsjin it natûrgeweld. Koe ik him mar helpe mar tsjin san stoarm is hy net opwoeksen. Ik ha wat mei dy beam. As lyts beamke krige fan myn suster. Hy wie oer en tefolle op it balkon. Ik ha [Lês mear »]

Tebek yn de tiid

Ik rin nei `t tsjerke. It is noch dea stil op ‘e dyk. Hoeden rin ik troch de brol dy de jongerein fannacht neilitten hat. De fuotten heech optillend om mar net yn glês en smearlapperij te traapjen kom ik wer ik wêze moat.   Der is gjin mins te bekinnen. In kloft roeken dogge [Lês mear »]

By de tiid bliuwe

“Hast oars neat te dwaan?” sis ik tsjin my sels. Ik sit op Facebook en kin er eanliks net mei ophâlde. Soe dat nò ferslaving hjitte? In skofke allyn sei de soan; “Mem moat es nei Facebook gean. Dat is sa yntresant.” “Och heerkes nè.” sei ik. Ik ha der wol es nei sjoen mar ik fûn [Lês mear »]

Stofsûgerje

“Ik wol in stofsûger ha sûnder sek.” sis ik tsjin myn man. “Hoe nò?” seit er; “do hast dochs in goeie?” “Ja mar,“ sis ik; “dy sek is altiid fol. En djûr binne dy kringen! Dat skilt in heel stik yn ùs budzjet.” “Do moast ekonomysk tinke, yn dizze tiid.” sis ik. “Ast er sa oer tinkste dan moast [Lês mear »]

Heel Holland Bakt

Sjoche jimme ek nei it programma Heel Holland Bakt? Ik wol. Ik libje mei en sit tige yn spanning as it slagget. Tsjien kandidaten dogge der oan mei. Mar ik moat sizze: ik sjoch mear nei it minske dan nei de bakkeraasje. De iene persoan fyn ik sympatiker as de oare. En dy ik dan it [Lês mear »]

Trou

“Buorfrou?” ropt er; “Kom jo efkes?” De buorman sit achterhûs en heard my skarreljen. “Ik kom er oan!“ rop ik. En sa sitte wy  tegearre op it terras yn de ûndergeande sinne. “Wer is Tryntsje?” freegje ik. “Se is fuort,” seit er; “en komt net werom.” “Hoe nò? Jimme binne dochs krekt werom fan fekânsje?“ sis ik. “It gong al [Lês mear »]

Moarn!

Ik bin underweis nei de superwinkel. Troch dat de mûzen hast dea foar de kuolkast lizze moat ik mar op paad. Ik moat tweintich minuten rinne om er te kommen dat ik moat my der altiid ta sette. En om it ein wat koarter te meitsjen ha ik wat betocht. Wy wenje yn in plak [Lês mear »]

>