Trou

troch Posted on 7 Comments 1 min read 81 views

Naamloos-1“Buorfrou?” ropt er; “Kom jo efkes?” De buorman sit achterhûs en heard my skarreljen. “Ik kom er oan! rop ik.

En sa sitte wy  tegearre op it terras yn de ûndergeande sinne.

“Wer is Tryntsje?” freegje ik. “Se is fuort,” seit er; “en komt net werom.”

“Hoe nò? Jimme binne dochs krekt werom fan fekânsje? sis ik. “It gong al lang net goed. We binne earder ùt elkoar west.” seit er.

En dan begjint er te fertellen wat him allegearre dwers sit. De iene nei de oare sigaret wurd opstutsen. Sa no en dan krij ik in glês wyn ta skowt. Hy moat dùdlik syn ferhaal kwyt. Dan is hy  fertritlik en dan wer lilk. De emoasjes wikselje mekoar yn rap tempo ôf. Stadich oan wurd ik huverich mar doar him net te ûnderbrekken. 

“Kinne jimme net es goed mei elkoar prate? sis ik oerstallich. Want wat moat ik der op sizze? Dat ha se fansels al lang dien.

Ferklomme en fertritlik kom ik yn de neare nacht thus. Dat  is nò it tredde gefal yn ùs omkriten. Wat is er hjoed de dei dochs geande ? 

“Trou bestiet alinnich by hûnen.” sei immen tsjin my. Mar dat moat ik bestride .

It memmeminske en har libbensmaat binne dizze wike fiifenfyftich jier by elkoar…

  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  

Jou in reaksje:

  Abonnearje  
Nijste Âldste
Notify of
Soan D.
Guest

Sa lang de minske mar loyaal oan ‘m sels bliuwt. Dan komt de rest fansels.

Hendrika
Guest

55 jaar samen: van harte! Tegenwoordig lijkt alleen maar te gelden trouw aan elkaar blijven in voorspoed, zit het even niet mee: ‘na disse weer een frisse’… .

Elske
Guest
Elske

Fan herte lokwinske mei jimme 55 jier houlik. In moaie dei tawinske. Ek in momint om efkes stil fan te wurden. It is net elkenien jûn sa lang by elkoar te wêzen.

Soan D.
Guest

Tige lokwinske mei jimme smaragd-en houwelik deit- en memmeminske! We skilje sa noch efkes!

Previous
Moarn!

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien