Waarsiik

Naamloos-2Ik moat ta jaan; ik bin gefoelich foar waarsferoaring. Ik bin in minske dy de sinne op ‘e lea ha moat. Wurd it tsjuster om my hinne dan wurd myn moed trystich. Wier, ik wol der net oan ta jaan want it binne allegearre babbelegûchjes.

As it wer safier is dan giet myn man in slach troch de buorren. De soan stiet mei in tear yn syn kop. De hûn dûkt yn ‘e koer en de kat is yn futsjefinne.

Ferhip, no docht de printer it ek noch net en ik moat him dalik brûke. De telefoan docht it ek net want wy binne nei in oare streamleveransier oerstappe. Yntiid wurd it sin er nèt better op.

Ynienen giet myn mobyl; in freon noeget my ùt foar in konsert en dernei in ietentsje. Ik bin de âlde wer, de sinne is wer troch brutsen. Myn man en de bisten komme wer thus. Ik moat faker de doar ùt. Dat is de bèste remeedzje foar sokke lju as ik.

Waarsiik… allegearre babbelegûchjes.

Diele mei:

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien