Oer mijsels
Utstrieling
Ik gean der by sitten de winkel stiet grot fol. In pear lju hingje ferfele tsjin de muorre. Ek steane guon bûten te smoken. Yn ‘e hoeke ha in pear manlju it oer it fuotbaljen en kinne it dùdlik net iens wurde. Twa froulje mei holledoeken om kringe foar mar wurde troch de winkelbetsjinner taktysk … Read more
Putsjes
“Wol mem in rits yn myn broek sette?” freget de soan. Hy hâld it ding lyk foar myn noas. En wert ik in grûniche hekel oan ha is ritsen yn sette. “Wol mem knopen oan myn jas sette? It moat wol stevich, hear.” seit in oare soan. “Wolsto myn broek koarter meitsje? Hy is my fierstente lang.” seit myn man. Der … Read more
Frijheid
“Sy moat rijles ha.” sei myn skoanheit tsjin myn man. “Wêrom?” sei hy; “Ik ryd har oerâl hinne.“ “Sy moat selsstannich wurde. Der kinst allinne mar baat by fine.“ Dat wie yn 1958. Myn skoanheit wie syn tiid fier foar ùt. Mar foar dat ik myn earste auto krige moast er hiel wat wetter troch de sè … Read more
It wurdboek
“Ik moat in nij Frysk wurdboek ha.” sis ik tsjin mysels. Myn âlde falt ùt elkoar. Hieltyd lizze de blêdden ferspraat oer de tafel en op è grûn. It leit al lang net mear op it alfabet. En as ik in wurd opsykje moat is de blêdside net mear te finen. En dochs ha ik … Read more
Terapeutysk
“Moast nò al wêr meane?” ropt myn buorman; “it gers hat net iens tiid te waaksen.“ De tùn is àlles foar my; hy is myn terapeut. As myn tùn prate koe dan soe hy hiel wat oer my fertelle kinne. Myn hiele siel en sillichheid leit er yn. Tiden fan fertriet mar ek blidens lizze tusken … Read more
Ûnwennigens (2)
Der oerfalt my somstiden in gefoel fan ûnwennigens. Hawwe jimme dat ek wolris? It is in gefoel dat jo net omskriuwe kinne. It is in oare ûnwennigens die ik as bern hie. Ùs mem woe de hannen wol es frij hawwe en sa moast ik yn de fekânsjes ùtfanhûzje by myn pake en beppe yn … Read more
Rail Away
“Ik wol mei de trein nei Kroatië.” seit myn man. Hy sit nei Rail Away te sjen. Ach, wat ha wy al in soart reizen makke. Mar dan troch de tillevyzje. Hy slacht gjin ien ùtstjûring oer. Dan is it wer Frankryk, dan wer Grienlân en sa it hiele kontinint oer. “Ja,” sis ik; “regelje it mar.” … Read more
Ferjierret
“Goeie en oant sjen, hè!” De lêste fan de besite giet de doar ùt. We hawwe it wer hân foar in jier. Ik skop de skuon ùt en sigje op in stoel del. Myn man is al yn dreamenlân. Ik sjoch it hear en fear es oer en tink; “Werom is er net ien op … Read more