By de tiid bliuwe

sad“Hast oars neat te dwaan?” sis ik tsjin my sels.

Ik sit op Facebook en kin er eanliks net mei ophâlde. Soe dat nò ferslaving hjitte? In skofke allyn sei de soan; “Mem moat es nei Facebook gean. Dat is sa yntresant.”

“Och heerkes nè.” sei ik. Ik ha der wol es nei sjoen mar ik fûn it mar neat. It praat oer kofje setten en de wask dwaan hie ik gjin nocht oan. It moast wol earne oer gean fûn ik.

Mar ik moat bekenne nei wat skrammen en bulten fan ûnwittendheid krij ik it in kromke yn ‘e gaten.

Wat my it measte boeie kin is de skiednis fan myn berte- en wenplak. Minsken fan eartiids wer`t ik mei opgroeit bin kin ik wer hierskerp foar de geast helje. Mar ek lju dy ik yn jierren net sjoen, ha wurde freon fan my. Sa no en dan moat ik help fan de soan hawwe. Wat foar him hiel logysk is foar my in poepetoer. Ik leauw net dat hy it yn `t snotsje hat hoe dreech al dy nije ûntwikkelings foar my binne.

By de tiid bliuwe, mem.” 

Ik doch myn bèst jonge, as sto mar geduld haste mei dyn âlde mem.

Diele mei:

2 Comments on “By de tiid bliuwe

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien