Heel Holland Bakt

Naamloos-1Sjoche jimme ek nei it programma Heel Holland Bakt? Ik wol. Ik libje mei en sit tige yn spanning as it slagget.

Tsjien kandidaten dogge der oan mei. Mar ik moat sizze: ik sjoch mear nei it minske dan nei de bakkeraasje. De iene persoan fyn ik sympatiker as de oare. En dy ik dan it aerdichste fyn dy is by my  favoryt. Ik bin bliid dat ik net yn de sjuery sit want ik ha gau begrutsjen.

It hat my te pakken en nò wol ik ek bakke.

Earst mar begjinne mei in keek, dat liket my it ienfâldichst. Ik ha noch in pakmoal lizzen, dat komt goed ùt. Mar och heden, der moat fjouwer aien yn en ik ha mar twa. No, dan doch ik dochs kofjemolke derby, dat kin ek wol. Dan de sûker mar dy is op fansels. Want wa brûkt hjoeddedei noch sûker?

Alles stiet rè mar it is al oars dan it op it pak stiet. Hoe diene sy dat ek alwer op de televyzje? Ik set him yn de gleone oven en loer hieltyd troch it glêske. Mar wat fremd is it riist net. Soe ik wat fergetten wêze?

“Krije we sûpenmoaillenbrij?” freget er en sjocht nei myn kreaasje.

Ik moat my dochs mar opjaan foar Heel Holland Bakt. Soe dizze kandidaat wol yn oanmerking komme?

Diele mei:

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien