Moarn!

goedemorgenIk bin underweis nei de superwinkel. Troch dat de mûzen hast dea foar de kuolkast lizze moat ik mar op paad.

Ik moat tweintich minuten rinne om er te kommen dat ik moat my der altiid ta sette. En om it ein wat koarter te meitsjen ha ik wat betocht. Wy wenje yn in plak dat gjin doarp is mar ek gjin stêd.

Nò ik dochs underweis bin sil ik elkenien  ‘Moarn!” sizze. De earste dy ik tsjin kom is in man mei in hûntsje. Dat is net dreech want dy wol in praatsje meitsje.

De twadde is in hurdrinner en seit neat. Dan komt er in man foarby op ‘e fyts. Ik rop fan fierden al: “Moarn!” “Goedemorgen.” mompelt er. Dy hat er dudlik gjin nocht oan.

In echpear op elektryske fytsen gean mei gong oan my foarby. Myn “Moarn!” ferwaaid yn ‘e wyn. In mem op de fyts mei in bern foar en ien achterop hat de hannen fol en sjocht allinne mar foar har ùt. “Moarn!” rop ik oerstallich.

Sels kom ik ùt in doarp wer`t elkenien mekoar ‘Dei’ sei. Diene jo dat nèt dan wiene jo eigenwiis wurden as der wie reboelje. En dat kaam noch wol es foar yn in lytse mienskip. Mar as hja mekoar wer goeie seine dan wie it wer bylein.

Yntusken bin ik wer `t ik wêze moat en ha in goed gefoel oer my. Dit ritsje hat tige nuttig west foar my mar ek foar immen oars. Hoop ik.

Moarn!

Diele mei:

4 Comments on “Moarn!

  1. Moai hé. Ik doch it ek altiten hjer. Sa siet ik yn Utrecht yn’e auto te wachtsjen, komt er in wat nurks útsjende man foarby.op’e fyts. Ik knik him ta en sis him goeiedag. Hy lake fuort en sei freunlik goeiedag werom. Eltsenien, dy’t my foarby komt groet ik, behalve op’e nijstéd in Ljouwert fansels, dan blieuw je oan’e gong. Op it wetter wurdt it tsjinwurch al in hiel geswaai, nei al dy jachten. Litte wy het er yn hâlde, memmeminskje.

  2. Pingback: Tiden hawwe tiden | Wolkom op Wokke's Plak

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien