Memmedei

“Ik skilje efkes want it is hjoed Memmedei.” seit ùs soan. “Dat is moai fan dy dat sto der oan tocht hast.” sis ik. Myn man wie sakeman en moast der neat fan hawwe. It wie handich opset troch de middenstân fûn hy. Op it moed fan de minsken ynspylje… dat fûn hy mar neat. [Lês mear »]

Keninginnedei

Keninginnedei  30 april 1960. Ùs âlste soan is berne. Folgens de hûsdokter soe hy op 5 meie it libbensljocht sjen. It waard Keninginnedei. Mei in lokwinsk fan Keninginne Juliana (wie nèt altiid sa)  in dûbel feest, fansels. Hy sels fûn der letter neat oan want alle oandacht gong nei de festiviteiten. De jierdei begong iere betiid [Lês mear »]

Wiet

“Mem moat wol oppasse, hear!” seit myn soan. “Werom?“, sis ik; “Ik gean de doar net út.“  “It kin wol es stoarm rinne, aanst…“, giet er fjirder. “Hoe sa?” freegje ik. “Nò, sat it nò liket ferkeapet mem wiet.” “Hâld dochs op.“ Ik ha it stek krekt ferve en as warskôging stiet er ‘WIET’ op. [Lês mear »]

Grien

Alles moat grien wèze hjoed de dei. Want dat is pas natuerlik. Griene taksjes en bussen, griene tsies, griene aaien en griene stream. It moat allegearre ECO wèze. En yn dat ramt wol ik ùs tùnskuttings ferve. Grien fansels. “Moat dat nò?” seit myn man; “dat diene wy in ieu allyn ek al.” “Nò,” sis [Lês mear »]

275 Breed en 115 Heech

Jûns let giet de telefoan; “Mem, ik kom der oan, hear!“ “Wannear?” freegje ik. “Nò, dat kin wol es let wurde want ik stean by Utert yn de file.“ It is sneontejûn. Ik sit noflik underùt nei in spannende detective te sjen. Krekt op it momint dat de moardner ta slaan sil giet de doar [Lês mear »]

Boete

De earste boete is binnen. Ik sei al tsjin myn man: “Doch nò fersichtich oan. Foar dast it wist hast in boete oan de broeksbokse hingjen.” Sûnt in pear dagen hat hy in rollater. En troch dat hy de pest oan san ding hat, hat hy him opfierd. Freegje my net hoe, der ha ik [Lês mear »]

Obesitas

Wy sjogge nei in programma oer Obesitas; minsken dy ofgryslik dik binne. Hoe ha se it safier komme litten, betink ik my. “Soene wy der ek net wat oan dwaan moatte? Wy binne ek al aerdich op wei.“, sis ik. “It falt mei my wol ta. It sit my net yn de wei.“, seit er. [Lês mear »]

Ùtpûste

“Kom Max, wy sille de wrâldreizger fan de trein helje.” “Hoe komt dy jonge mei sa folle bagaage thùs?” freget myn man. “Wist wat,” sis ik; “myn boadskipweintsje sil ik strippe en dan is it in stekwein.“ En sa gean Max en ik nei de trein. Minsken sjogge my wat fremd oan. Wa stiet nò [Lês mear »]

Koma

In jonkje en in famke fan om en de by trije jier boartsje mei in poppeweintsje op it trottoir. Dat koe doe noch. Der wie noch net folle ferkear. Ynienen pakt it jonkje it poppeweintsje fan it famke ôf en stekt de dyk oer. En sa komt er ûnder de auto. Swier ferwûne wurd er [Lês mear »]

Polityk engazjeare

“Wat ferliest dy Party fan de Arbeid, nèt?” “Dat giet allegearre nei de S.P.” ropt ien. “Nò,” sis ik; “dy Roemer, dat fyn ik in sympatyke fint. Hy hat san iepen gesicht en in soart humor. Hja falle allegearre oer my hinne.” “Der giet it nèt om. Wat is de ynhâld fan syn programma?” En [Lês mear »]

>