Polityk engazjeare

“Wat ferliest dy Party fan de Arbeid, nèt?”

Dat giet allegearre nei de S.P.” ropt ien. “Nò,” sis ik; “dy Roemer, dat fyn ik in sympatyke fint. Hy hat san iepen gesicht en in soart humor. Hja falle allegearre oer my hinne.“Der giet it nèt om. Wat is de ynhâld fan syn programma?” En Wilders hat wer twa sitten erby krige. “Troch syn side oer Poolse arbeiders.” ropt in oare.

We sitte mei in grutte ploech minsken te debattearjen. Nè, it is net de earste as twadde keamer mar ùs eigen huskeamer. Der is wèr es ien jierdei en as dan de burrel op ‘e tafel komt en de tsiis en woarst, dan ek de polityk. It is in tige mingt selskip dat by elkoar sit. Alle kleuren fan de polityk en leauwen ha wy ûnder ùs femylje en freonen. Sa nò en dan smiet ik er in opmerking tusken om it wat loftich te hâlden mar meastal slacht it nearne op.

It falt my op dat eltsen ien tsjintwurdich polityk engazjeare is. It wurd rèsticher. It peteer giet nò oer Prins Friso. Wy libje mei. Wer soe dat op ùt rinne?

Wat is it dochs moai om mei san kleurich selskip te praten oer dingen wat ùs allegearre oan giet. Yn Den Haag kinne sy der in foarbyld oan nimme  😀

One Comment on “Polityk engazjeare

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien