Kreatyf

“Wol mem ek twa grutte houten bakken hawwe?” freget er. Hy is syn balkon oan it oprêdden. En sa as it altyd giet komt er wat oer en tefolle is by ùs achterhûs. Ik moat sizze; it is myn eigen skuld. Ik kin neat foart dwaan. Wat foar brot it ek is, ik sjoch er wat [Lês mear »]

Wêrom sjen (1)

“Kin mem ek in pear dagen komme?” freget er. “Hoe sa?” sis ik. “Nò, d’r moat safolle barre. De baairomte moat ferve en de tùn moat nedich dien wurde. En twa kinne mear dan ien.” “Nò, dan moat dat mar.“ sis ik en skow myn eigen plannen opside. En sa sit ik in pear oeren letter yn de trein. [Lês mear »]

Anke

“Hoe vind je het?” freget se. Yn grutte spanning sjocht se my oan. Anke hat ùs soan skildere. Se hat yn Amsterdam in oplieding folge, spesjaal yn portretskilderjen. Trouwens, se is fan àlle merken thùs. Set har foar de piano en elke genre spilet se. In jier as wat allyn ha ik har kinnen leard. [Lês mear »]

Hûnefleis

“Wat ite wy hjoed?” freget er. “Wit ik noch nèt.” sis ik. ‘Dy man hat it altyd oer iten‘ tink ik by mysels. Ik moat net oan iten tinke op it stuit. Ik hearde op it nijs dat yn ùs gehaktbaltsjes en hamburgers hûnefleis ferwurke wurd. De kadavers wurde yn Spanje troch in bedriuw fermealle en dan [Lês mear »]

Rail Away

“Ik wol mei de trein nei Kroatië.” seit myn man. Hy sit nei Rail Away te sjen. Ach, wat ha wy al in soart reizen makke. Mar dan troch de tillevyzje. Hy slacht gjin ien ùtstjûring oer. Dan is it wer Frankryk, dan wer Grienlân en sa it hiele kontinint oer. “Ja,” sis ik; “regelje it mar.” [Lês mear »]

Makeover

“Silst jûn optrede?” freget myn man. Hy sjocht my oan en fynt my der fremd ùt sjen. Ik krij dizze wike der wer in jier by. En derom moat er wat barre mei myn uterlik fyn ik sels. As it nò komt troch it kâlde waar as troch myn kondysje mar it hat fêst syn [Lês mear »]

De bedoarne

Ik stean by de kassa fan in gruthannel. De rinnende bân stiet grot fol en kin hast net foar ùt komme. “Der koe wol ien jierdei wêze.” seit de kassiere. “Ja,” sis ik; “flak foar de peaske. Tref ik dat eefkes.“ “Hoe âld wurde jo?” seit se frijmoedich; “Jo lykje in goeie sechtiger.” seit se [Lês mear »]

Oanpassingsvermogen

“Mem moat in iPad ha.” seit myn soan. Ik hie krekt in mobyltsje oanskaft fan de Anbo. Ien mei ferljocht skerm en grutte sifers. En as hy ôfgong krigen jo hast in beroerte. Nei in hiel skoft bestudearjen want alles is yn in fremde taal. Hie ik it einlik troch. En no moat ik in iPad [Lês mear »]

Dan komt de maitiid

Dan komt de maitiid, maitiid yn it lân.Dan laket alles, alles ùs sa oanDe moaie maitiid mei syn blauwe loft,is foar minsken en foar blom grif it moaiste skoft,is foar minsken en foar blom grif it moaiste skoft. Ik sit plat op`t gat op ‘e grûn en sjong sa lûd as it kin oer de [Lês mear »]

Selsbehâld

“Hast ek in rollater yn de oanbieding?” freegje ik Bouke. Nei de tsjinst sitte wy neist elkoar te kofje drinken. Hy sit yn de rommelmerkkommisje fan ùs tsjerke. “Dy hast sto noch net nedich wol?” Hy sjocht my es op en del oan. “Nò,” sis ik; “ik wurd in dei âlder en dan ha ik him [Lês mear »]

>