De bedoarne

Naamloos-1Ik stean by de kassa fan in gruthannel. De rinnende bân stiet grot fol en kin hast net foar ùt komme.

Der koe wol ien jierdei wêze.” seit de kassiere. “Ja,” sis ik; “flak foar de peaske. Tref ik dat eefkes.

Hoe âld wurde jo?” seit se frijmoedich; “Jo lykje in goeie sechtiger.” seit se der achteroan. “Lit we it der mar ophâlde.” sis ik en lit alles yn de karre lade.  

Ûnderweis nei hûs gean myn tinzen wêrom nei myn jeugd. Ik wie it fjirde bern en de lèste. Boppe my siten twa broers en ien suster. Der wie neat foarhânnen want ùs mem hie net mear op my rekkene. Fan bakker Kooistra krige se in grutte bôllekoer.

Letter do ik der net mear ynpaste kaam ik yn in âlde bernewein fan de buorfrou. En wer letter waard de kape en de boaiem der ùthelle en siet ik yn wat hja hjoeddeis in buggy neame.

Al gau krige ik in bynamme fan myn broers en suster; de bedoarne. Wêrom wit ik nèt. “Troch sto in oanfâllich bern wiest.” seit myn suster. In holle mei fol ljochte krollen en in altyd blier. Ùs heit woe my altyd mei ha. Ùs mem krige de opdracht om my kreas oan te klaaien dan koe hy mei my pronkje.

Ach… wat binne dat dierbere oantinkens. Wat soe ik noch graach es sjonge wolle by ùs heit achter op de fyts.

Mei de bedoarne.“, sis ik as ik mei myn broers skilje. En dan ha wy it noch es oer eartiids.

Diele mei:

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien