Rail Away

tv“Ik wol mei de trein nei Kroatië.” seit myn man. Hy sit nei Rail Away te sjen.

Ach, wat ha wy al in soart reizen makke. Mar dan troch de tillevyzje. Hy slacht gjin ien ùtstjûring oer. Dan is it wer Frankryk, dan wer Grienlân en sa it hiele kontinint oer.

Ja,” sis ik; “regelje it mar.”

In wike letter gean wy nei Ruslân. In prachtiche reis yn in geweldiche trein. Ik sjoch de einleaze flakten fan Siberië oan myn each foarbij gean. Gjin stêdden en gjin stjerling mear te bekennen. De slieperij lycht der ek net om. Foar dat wy ùs sliepkabine opsiikje noch efkes oan de bar hingje. Moarns wurde wy wekker makke troch stewards yn unifoarms mei koperen knopen.

Yn it restaurant stiet alwer it personiel klear om ùs stoel oan te skowen. Nè, it is net samar in moarnsbrogge mar in utgebreide brunch. Dan stoppet de trein yn it sintrum fan Moskou en meie wy it Kremlin besjen. En wa komme wy der tsjin? Tsaar Peter mei President Poetin, tegearre oan it boadskipjen yn De Lege Knip.

Ferjist de rollater net?” rop ik noch nei myn man en wurd wekker.

Sûnde… ivich sûnde, de moaie reis troch Ruslân is my ûntkaam. Mar moarn sille wy nei Griekenlân, nei Athene en de Akropolis beklimme …

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien