Makeover

troch Posted on 3 Comments 1 min read 502 views

hipster"Silst jûn optrede?" freget myn man. Hy sjocht my oan en fynt my der fremd ùt sjen.

Ik krij dizze wike der wer in jier by. En derom moat er wat barre mei myn uterlik fyn ik sels. As it nò komt troch it kâlde waar as troch myn kondysje mar it hat fêst syn reden.

Ik gean nei de optisien; earst mar in oare bril. "Wat is hjoeddeis mode?" freegje ik him. Ik set in hippe bril op mei in dik swart montuer en omheechsteande rânnen.

De man seit fersichtich; "Soe dat wol wat foar jo wêze?" Mar ik bin net te hâlden en opslach fereale op it model. En de priis fâlt ek noch mei. Yn de spegel sjocht in yntresant gesicht my oan. Ien dy my net kin soe sizze; "Sy wurket fêst by it Ynternasjonale Hôf yn Den Haag of sa. As by de EU yn Brussel."

Wat kin san briltsje wat dwaan. Ik krij de smaak te pakken en lit my in nij kapsel oanmjitte. Efkes letter rin ik nei hûs en bin benijt wat it thùsfront er fan seit.

Froulju, ik ried jimme oan: nim ris in totale Makeover. D'r giet in wrâld foar jimme iepen .

"Silst jûn optrede?" freget 'r.

Print Friendly, PDF & Email
Abonnearje
Notify of
guest
3 Comments
Âldste
Nijste
Inline Feedbacks
View all comments

Soan D.

Tige lokwinske mei memmeminske har jierdei! En oant letter!

Elske

Fan hert lokwinske mei jo jierdei. In hiel moai jier tawinske wêryn in soad goeds is te sjen en soad om nei (út) te sjen.

trackback

[...] lêste fan de besite giet de doar ùt. We hawwe it wer hân foar in jier. Ik skop de skuon ùt en sigje op in stoel del. [...]

Previous
De bedoarne

3
0
Would love your thoughts, please comment.x
()
x