Selsbehâld

troch Posted on 1 min read 92 views

WalkerHast ek in rollater yn de oanbieding?” freegje ik Bouke.

Nei de tsjinst sitte wy neist elkoar te kofje drinken. Hy sit yn de rommelmerkkommisje fan ùs tsjerke.

Dy hast sto noch net nedich wol?” Hy sjocht my es op en del oan.

Nò,” sis ik; “ik wurd in dei âlder en dan ha ik him mar yn de gong stean.

“Dus do wurkest foarùt.” seit er. “De measten wolle him net iens yn ‘e hûs ha en do sest`t him fêst klear!

It leit in bytsje oars.” sis ik; “Ik bin mei psy-cho-lo-gy dwaande. Myn oare helte hat him nedich mar it idee al griist him oan. Hy wie de man dy alles koe en ea wat betsjutte yn de maatskippy. Moat hy achter san ding ? Noait fan syn libbensdagen!

En sa ha ik myn plan lutsen. Ik nim him foar my sels.

De oare deis wurd hy brocht. “Wat sil dat?” seit de man mei argewaasje. “Hy is foar my bedoeld” sis ik. Hy betroud de saak net mar seit neat. Syn gesicht sprekt boekdielen.

En wa rint der efkes letter foar de ruten lâns? In man in hûn en in rollater. Somtiden… somtiden moatte  jo in omwei meitsje om wat foar elkoar te krijen.

Tige tank, mannen. Jimme hawwe my in geweldiche deugd dien.

  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  
  •  

Jou in reaksje:

  Abonnearje  
Nijste Âldste
Notify of
Elske
Guest
Elske

Dy man mei jo wol in dikke tút jaan. Hy hat it mar moai foar elkoar. It moaie waar komt wer oan. Hy hat it mar mei jo troffen.

gédé
Guest
gédé

Tûk wyfke bisto;-)))!

Previous
Parkearperikels

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien