Fyftich Us stjitkessen...

Lokwinske mei dyn jierdei!” rop ik troch de telefoan. “Ja, dat sil wol.” seit er; “Mem wie der sels by.

Hjoed op de kop ôf is hy fyftich wurden.

Op 12 jannewaris 1963, krekt op de dei dat de âlve stêdentocht riden waard. Hy wie der samar.

Ik hie de Japanske toffels noch oan. Ik sjoch it noch foar my. Se wiene hel blauw mei grutte punten dy rjocht nei de himel wiisden. Ach, wat wie it in maklike befalling en sa noflik is hy altyd bleaun.

Hy wie de middelste fan de trije. Ùs ‘stjitkessen’, sizze wy wol es.

Hy heinde gauris de mieningsferskillen tusken syn sibben op. “Moast ek foar dy sels opkomme, hear!” sis ik wol es tsjin him. It is in stille rêstige jonge.

Somtiden wit ik net iens as hy thus is. “Hoe tinkst stò der oer?” freegje ik him regelmjittich en krij gjin antwurd.

Ik blaas in gatsje yn it rùt dat ticht sit mei iisblommen want de âlve stêdentocht wurd ommers hjoed riden? En sa besiikje ik in gatsje te blazen yn syn wêzen, yn syn eigen tichte wrâld.

Folle lok, jonge! Do silst it nedich hawwe…

Read more

Fans Hope hâlde...

Ja, minsken ik ha fans. Trije. Dat kin net elkenien sizze. Mar der binne oaren dy’t fansels tûzenen fans hawwe. Dy geregeldwei yn Carré, De La Mar, It Posthûs steane, of yn in of in prominint boekeprogramma. Sa fier bin ik noch net. Mar ik sil nei alle gedachten nea op de middenstip fan it [Lês mear »]

Ferkâlden In ynter(t)aksje

Jo snokke nochal wat.’ sis ik, ‘Binne jo ferkâlden?’ ‘Ja,’ seit se, se is hast net te ferstean. De sjauffeur fan myn taksy hat it goed te pakken. It is al let yn’e neimiddei as se my ophellet. ‘Hawwe jo hûnen?’ freget se. ‘Ja,’ sis ik, ‘wy ha noch ien. De oare hûn is spitigernôch [Lês mear »]

>