Hegedrukspuit

‘Ik wol in hegedrukspuit hawwe.‘, sis ik. “Yn koartens is it myn jierdei en as jimme my dan mei elkoar san ding jouwe, dan is dat in moai kado.” Hja sjoche my fernuvere oan. “It kostet ùs jild. Jonges, meitsje jimme mar klear.“, seit myn man; “Ùs mem wol wer wat.“ Ik ergerje my al lang [Lês mear »]

Grien

Alles moat grien wèze hjoed de dei. Want dat is pas natuerlik. Griene taksjes en bussen, griene tsies, griene aaien en griene stream. It moat allegearre ECO wèze. En yn dat ramt wol ik ùs tùnskuttings ferve. Grien fansels. “Moat dat nò?” seit myn man; “dat diene wy in ieu allyn ek al.” “Nò,” sis [Lês mear »]

Reiskiste

Mei ik dy reiskiste fan jimme?“, freget ùs soan. Sûnt wy it op ‘e kop tikke ha seurt hy der om. Mar wy hawwe wat mei dy kiste. By it opromjen fan in âlde pastorije kaam myn man er mei thus. Nei noch al wat beswier fan myn kant waard hy op souder set. En [Lês mear »]

275 Breed en 115 Heech

Jûns let giet de telefoan; “Mem, ik kom der oan, hear!“ “Wannear?” freegje ik. “Nò, dat kin wol es let wurde want ik stean by Utert yn de file.“ It is sneontejûn. Ik sit noflik underùt nei in spannende detective te sjen. Krekt op it momint dat de moardner ta slaan sil giet de doar [Lês mear »]

High Tech

“Wat hast in moaie brommer.“, sis ik tsjin it famke. Flak foar myn fuotten bliuwd se stean.”It is in scooter, hear.“, laket se. “O,” sis ik; “alles is by my in brommer. Mar wat in moai ding. Wat is hy fleurich yn `e ferve.” “Ja,” seit se; “ik ha der hiel wat foar ôfwrotte moatten.“ [Lês mear »]

Beskaving

Mei in grau flokwurd komt myn buorfrou achterom. Se hat har dei net, alles sit har tsjin. Ik jou har in bakje kofje en freegje wat har dwers sit. Nei wer in flokwurd ferteld se wat har oerkaam is. “Wèrom flokst sto sa?”, freegje ik  har. “Doch ik dat?“, seit se fernuvere. “Ja,” sis ik; “werom [Lês mear »]

Strikken

Ik dûnse nei skoalle ta. It wie myn dei, myn jierdei. Grutte feestlike strikken yn it hier en de eagen heal ticht (de strikken moasten de hiele dei stiif sitten bliuwe). Hjoed soe ik es opfâlle. It wiene altiid oare bern dy it foar it sizzen hiene. Mar nò wie ik oan bar. En sa [Lês mear »]

Wurkjouwer

“Dit moat hjoed klear, hear. En oars dochst mar sa lang troch dat it klear is.” Ik ha in strange baas, myn hiele libben lang. It is altiid de selde wurkjouwer west. Ik tink dat it al hiel jong der yn ramme is. Ik ha in broer, syn dagen binne te koart. Myn suster kin osa [Lês mear »]

Sjakie

“Wolle jo ek in Jack Russel hawwe, frou?” Ik ha in man oan de telefoan. Sy hawwe in hûn en dy wolle se kwyt. Hy is twa en in heal jier en hjit Sjakie. “Werom wolle jimme him kwyt?“, freechje ik (myn freundinne is in kenner en seit dat ik dat altiid freegje moat.) “Nò,” [Lês mear »]

Myn Momint

It is sneontemoarn betiid en osa stil om my hinne. Ik nim in bakje kofje en lês op myn gemak de Ljouwerter. Myn man en de hûn binne noch yn dreamenlân. Dit is myn momint fan de dei nè fan de wike. De rèst is oerâl om my hinne. Gjin hastiche minsken dy op it [Lês mear »]

>