Sjakie

Wolle jo ek in Jack Russel hawwe, frou?” Ik ha in man oan de telefoan. Sy hawwe in hûn en dy wolle se kwyt. Hy is twa en in heal jier en hjit Sjakie. “Werom wolle jimme him kwyt?“, freechje ik (myn freundinne is in kenner en seit dat ik dat altiid freegje moat.) “Nò,” seit er; “myn frou en ik wurkje deis en nò is hy tefolle allinnich.” “Ik sil it er mei myn man oer ha.” sis ik.

Efkes letter ha ik in oare man oan de telefoan; “Ik ha heard, jimme woene der wol in hûn by ha.” “Wat is it foar soart?“, freegje ik. “In Malthezer. Hy is twa jier âld.” “En werom moat hy foart?” sis ik. “Myn frou en ik geane ùt elkoar, sjoch en nò moat hy in goed plakje ha.

Ik lit Max ùt. In aardich frommeske hâld my oan. “Hiene  jimme net twa hûnen?” freget se. “Ja,” sis ik; “hy is troch âlderdom dea gong.” “Nò, myn skoanmem moat yn it fersoargingshûs en moat har Bijke kwyt. It is krekt wat foar jo.

Fannacht waard ik trochwiet fan swit wekker. Ik dreamde dat myn bed fol lei mei hûnen. Op it fuottenein, onder de dûnstekken, leine de beide Jack Russel’s en de Malthezer lei op myn holkessen. En Bijke wie oan it healwizjen mei Sjakie.

Ik ha ûnder fjouwer eagen mei Max praat. “Jimme hoeche it nèt om my te dwaan, hear.” sei er; “ik ha jimme ommers…”  Leaf, net?

5 Comments on “Sjakie

  1. De clou is, Appelfrommes, dat us memmeminske wol trijehundert hunen ha wol mar dat een kat krekt sa gesellich is ;-D

  2. Memmeminske, inderdaad, je moet je in een hond kunnen verplaatsen, ongeacht of ie bij staat, iets wat de meeste mensen niet doen en daarom krijg jij ze allemaal!
    Ik gaf mijn hond ook aan vriendin, zij heeft 5 katten.
    Hond is verscheurd, ik was vergeten me in die katten in te leven. Gelukkig was het maar een speelgoedhondje…

    zoon D,
    Bedankt, nu snap ik het 🙂 Mooi uitgelegd.

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien