Hearst my wol?

“Komst thus te iten?” freegje ik; “As moast wer fuort?“ Hy sjocht my oan. Ik sjoch oan syn eagen dat hy der nèt by is. Eartiids doe hy op de legere skoalle siet sei de skoaldokter; “Lokwinske. Jimme soan is nèt mear dôf.” “Wie hy dan doof?” freegje ik; “Neat wat fan murken.“ Ik hie wol [Lês mear »]

Betrouwen is thuskommen

“Lokwinske, mem.“ “Wer mei?” freegje ik. “Wit mem dat nèt? Jimme binne hjoed fjouwer en fyftich jier trouwd.” seit er. “Nè, dochs?” sis ik. Hoe ha wy it salang tegearre fol hâlde kinnen? Yn myn tinzen sjoch ik in dea senuweftich fanke op in hege stoepe stean. Fremde minsken hjitte har wolkom. Har oansteande breugeman [Lês mear »]

Fanatikeling

“Moat ik it yn it Frysk dwaan as yn it Hollânsk?” freget de stedsgids. Wy sitte oan ‘e kofje mei gebak yn in restaurant. Wy hawwe ùs jiersliks reiske en sille hjoed de sted Harns besjen mei in offisjele gids. Hy freget noch in kear; “Moat it yn it Frysk?” “Ja,” sis ik en gean rjochtop [Lês mear »]

Hawwe jo in mem?

Max en ik dogge in rûntsje. Nei in lange nacht wurd dat heech tiid. We komme in klofke minsken tsjin mei in beheining. Hun fersoarchster rint foarop. Se hat de stap er yn en hat dùdlik gesach. As wy hast foarby binne bliuwd in jong frommeske stean. “Hawwe jo in mem?” freget se my. “Ja,” [Lês mear »]

Hortinsje

Ùs Hortinsje stiet er prachtich by. Hy is hielendal feroare fan kleur sa as hy fan`t simmer wie.  Hy wie blierread, nò kin ik de kleuren net goed mear beskriuwe. It is in mingeling wurden fan read nei rôze. Se binne yn elkoar oer rûn. Ik kin er nèt genoch fan krije en gean der [Lês mear »]

Twivelder

“Ik stim nèt.” seit de soan. “En dyn pinsjoen dan?” sis ik. De oare soan is yn bettere dwaan en seit; “Ik stim VVD.” “Wêrom?” freegje ik en dan folget er in dreech petear. Oer hypoteek en ynkommen. Myn man rint mei de SP fuort. Ik wie altiid fan hûs ùt in CDA stimmer. Mar der kin [Lês mear »]

Bliid-gefoel

De telefoan giet. In âlde stimme freget; “Binne jo fan Tiden hawwe Tiden?“ “Ja,” sis ik; “der prate jo mei.” “Ik wol jo efkes fertelle dat ik jo teltsjes sa moai fyn.” seit se; “Sa gewoan as sitte jo mei my te praten.“ “It is sa sljochtweihinne deistich Frysk.” giet se fjirder; “Jo hawwe it ek [Lês mear »]

Behimmelje

It  is wer sa fier; ik ha wèr bonje. Wat is dat dochs wat. Ik bin noch al swart-wyt en sis wat ik tink. Der sit ik nò myn hiele libben al mei. Min seit: “Earst oan tsien ta telle en dan andert jaan.“ Myn sibben kinne my wol, dat is gjin swierricheid. Mar minsken [Lês mear »]

Rij met je hart

Oeral hingje spandoeken fan Veilig Verkeer op it Hearrenfean. ‘De scholen zijn weer begonnen.‘ stiet er mei grutte letters op. Op ‘e  siden fan it spandoek stiet yn lytse letters: ‘Rij met je hart’. Okkerdeis kaam ik trije famkes tsjin op it fytspaad. Mei hun trijen riden se neist elkoar. Der tsjin oer kaam ik oan fytsen en [Lês mear »]

Deilis

Der falt in grou flokwurd. Noch ien en noch ien. Hy is dwers troch alles hinne lilk. We sitte bûtendoar en kinne alles hearre. Ùs buorman is frachtweinsjauffeur én ôfkeurd. Hy hat apneu krigen en dan mei jo nèt mear achter it stjoer. Wiken hat de wein op it parkeerterrein stien. Regelmjittich siet hy efkes yn de [Lês mear »]

>