Fanatikeling

“Moat ik it yn it Frysk dwaan as yn it Hollânsk?” freget de stedsgids. Wy sitte oan ‘e kofje mei gebak yn in restaurant. Wy hawwe ùs jiersliks reiske en sille hjoed de sted Harns besjen mei in offisjele gids.

Hy freget noch in kear; “Moat it yn it Frysk?” “Ja,” sis ik en gean rjochtop sitten.

Der geane in pear stemmen op dat it yn it Hollânsk moat. Dat binne guont dy beswier ha. De iene is berne en tein yn Snits en de oare wennet al jierren op It Hearrenfean. Wer in oaren ien komt ùt de Weststellingwerven. Ien frommeske komt ùt Amsterdam mar dy is tige hurdhearich.

De gids besiket om der tusken te kommen. Mar in kloft fan achttsjin froulju, gean der mar es tsjinyn, dan meist wol in âlderwetske doarpsomropper wêze. Ik sjoch dat de man it swit ùtbrekt; yn goatsjes rint it by syn boesgroentsje del.

Kom mee.” seit hy. De man docht syn bêst mar ferfalt gauris yn it Harnszers. Lokkich kinne wy dat allegear ferstean. Ek de Snitser, de Feanster en de Weststellingwerver. De dei wurd in grut sukses. Ôfwiksele mei sinne en reinbuien. 

Ien fan de froulje seit temûk tsjin my; “Bist sto san fanatikeling?”

Ja,” sis ik; “Wat myn taal oanbelanget bin ik in fanatikeling…

5 Comments on “Fanatikeling

  1. Altijd lastige mensen, die fanatiekelingen!
    De helft van wat ze zeggen versta je niet, maar dat kan ze niets schelen.
     
     

    • Ook al spreek men de zelfde taal, maar dan nog verstaat men elkaar niet. Een kwestie van willen en respecteren ,misschien? 

  2. Maar dan de belangrijkste vraag:
    wie moet wie respecteren?
    Ik heb zelf geen problemen als mensen Fries willen praten, maar zou ik bij Limburgers zijn hebben. En dan zou ik het wel op prijs stellen als ze Hollands spraken. Maar dat zou ik ook fijn vinden als ik in China was. En ik vrees dat ik dan weinig kans maak.
    Anders is het als je allemaal dezelfde taal spreekt (elkaar verstaan is inderdaad weer iets anders). 
    (k hoop niet dat je je aangevallen voelt, want dat wil ik beslist niet, maar ik ben ook geen meeprater. Je haalt een discussie aan die ik wel aardig vind).

    • Nee  hoor, ik ben ook geen fanatiekeling {ik vond het een aardige titel} en wachtte al op reacties. 

  3. Jammer dat anderen niets zeggen. Het is een prachtige titel, en van mij mag je fanatiek zijn, zolang het maar niet fundamenteel wordt…

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien