Bliid-gefoel

De telefoan giet. In âlde stimme freget; “Binne jo fan Tiden hawwe Tiden?

Ja,” sis ik; “der prate jo mei.” “Ik wol jo efkes fertelle dat ik jo teltsjes sa moai fyn.” seit se; “Sa gewoan as sitte jo mei my te praten.

It is sa sljochtweihinne deistich Frysk.” giet se fjirder; “Jo hawwe it ek faaks oer eartiids en dan bin ik wèrom yn de tiid.

As ik der efkes tusken komme kin freechje ik har; “Ha jo dan in kompjûter?

Nè,” seit se; “der bin ik te âld foar. Ik bin njoggentich jier sjoch. Mar myn soan had wol ien en dy lêst it my allegear foar. Wolle jo der asjebleaft mei troch gean? Ik sjoch der altiid nei ùt.

Ja,” sis ik; “mar ik wit net altiid wer ik it oer hawwe moat.

Nò, skilje dan mar efkes. Ik ha genoch meimakke om hûnderderttûzent teltsjes te skriuwen.” seit se.

 Er komt in bliidgefoel oer my. Dèr doch ik it foar! 

Nò ja…  ek in bytsje foar mysels, tink.

4 Comments on “Bliid-gefoel

  1. Da’s yndied nog ris tankber publyk.

    Al bin ik wol een bytsje benijd hoe it frommeske oan memmeminske har nûmer komt 😉

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien