Rij met je hart

Oeral hingje spandoeken fan Veilig Verkeer op it Hearrenfean. De scholen zijn weer begonnen. stiet er mei grutte letters op. Op ‘e  siden fan it spandoek stiet yn lytse letters: ‘Rij met je hart’.

Okkerdeis kaam ik trije famkes tsjin op it fytspaad. Mei hun trijen riden se neist elkoar. Der tsjin oer kaam ik oan fytsen en ik tocht: ‘Dy geane wol oan kant‘. Mar nè, se bleaunen neist elkoar riden. ‘Hoe moat ik hjir mei oan?‘ gong it troch my hinne. Jo binne tsjintwurdich al wat skruten om er wat fan te sizzen. Mar dochs rop ik doe ik tichterby kaam; “Mei ik er efkes lâns?

Hè, âld wiif. Gean es oan de kant, wy moatte der lâns!” roppen se en slop fan`t laitsjen ride sy fjierder. Foar dat ik it yn de gaten hie lei ik mei fyts en al yn de berm.

Wat wie ik pûr. It wienen dùdlik skoalbern mar nei welke skoalle gongen hja? As ik dat wist gong ik nei it haad fan dy skoalle. Mar ja, der binne hjir safolle skoallen. En nò sjoch ik dy spandoeken wer hingjen en moat ik  tinke oan dit foarfal. Yn pleats fan de dielnimmers fan it ferkear te warskôgjen, kin  better de skoaljeugd bybrocht wurde hoe it heart en oer respekt  en sa.

De spandoeken mar by de skoallen ophingje en de jeugd der op wize ynpleats fan de folwoeksenen, tocht ik sa.

Rij met je hart” Dat jild  trouwens foar alle dielnimmers yn it ferkear, fine jimme ek nèt?

7 Comments on “Rij met je hart

  1. krekt. It wurdt tiid, dat de bern wer wat respect en normen en waarden bybrocht wurd. Mar dat jild foar de hiele maatskappij, net allinne foar bern. Betrn meie ek wol wat feranturdelik stelt wurde foar hun dieden. Wol goed, dat bern net al te folle beskerme wurde, Fan fallen leare jo opstean. En je kinne noch sa foarsichtig en oerdreun weaze mei de eisen oan in boarterstun, se sykje it gefaer sels wol op. 
    Wat die trije famkes úthellen, liket nergens nei.
     

  2. Het is allang een mentaliteit die niet meer te veranderen is.
    Pubers gaan in groepsverband vaak stoer doen.
    Ik moet zeggen dat ik tegenwoordig wel respect afdwing, nu mijn haar grijs is gaan ze wel altijd opzij, dat is ook wel eens anders geweest.
    Ouders zijn van een generatie die vonden/vinden dat het teveel tijd en energie kost om kinderen op te voeden, ze willen liever werken voor hun eigen ontwikkeling.
    Het is ook moeilijk om je eigen kind bij te brengen dat ie opzij moet gaan voor een tegenligger, terwijl de rest van de groep dat niet doet. Ik heb de zoon van vriendin heel erg zien veranderen in zijn pubertijd, alles wat niet mocht moest gebeuren. Weg met de regels van mama en de juffrouw.
     
    Ik geloof echter dat het later nog goed met hem gekomen is.

    • Na een heup operatie liep ik met een stok. Wat was iedereen voorkomend. De auto`s stopten voor mij op de drukste punten van de weg. Heerlijk was dat. De stok was weg en ik werd weer bijna dood gereden. En nu gebruik ik gewoon de stok ,handig om over te steken. 
      Iedereen moet aan de stok.

  3. Mee eens! Ik weet er ook alles van. Toen ik in een scootmobiel zat kreeg ik overval voorrang, zelfs in de winkel in de rij. Dat is toch te gek, ik zat heerlijk.

  4. Vaak helpt het om goed rechtop te gaan zitten en je wat breed te maken terwijl je ze strak aankijkt, maar het is geen garantie.

    Die doeken betekenen niet dat wij voorzichtig met de jeugd moeten zijn in het verkeer, maar dat we aan de kant moeten gaan omdat de weg weer van hen is!! 

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien