Behimmelje

It  is wer sa fier; ik ha wèr bonje. Wat is dat dochs wat. Ik bin noch al swart-wyt en sis wat ik tink. Der sit ik nò myn hiele libben al mei.

Min seit: Earst oan tsien ta telle en dan andert jaan.

Myn sibben kinne my wol, dat is gjin swierricheid. Mar minsken om my hinne binne gauris op de teannen trape. En earlik wier -dat moatte jimme fan my oan nimme- ik mien it nèt sa.  Ik wol nèt sa. Ik bin in minske-minske ien dy tierjet yn frede. Dus dan mar wer op de fyts as de telefoan gripe en behimmelje. “Do bist gau op ‘e teannen trape.” sei er immen tsjin my. Dat soe ek kinne fansels.

Oan myn memmekant wiene se èk noch al sa. Ùs mem hat yn har libben hiel wat behimmelje moatten. Dan die se de knappe klean oan en sei; “Ik moat efkes nei ien ta, hear.” en dan wisten wy wol dat it wer hommels wie. It hat ùs yn de oarloch wol es hast de kop koste. Mar ik moat sizze; wy binne grut yn… behimmeljen.

Dochs gean ik de striid mei mysels oan. It moat oars.

2 Comments on “Behimmelje

  1. Gelokkich ha ik der gjin lêst fan. Dat rêstige ha ik fan us heit, tink ik.

    Ahum. 

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien