Twivelder

Ik stim nèt.” seit de soan. “En dyn pinsjoen dan?” sis ik.

De oare soan is yn bettere dwaan en seit; “Ik stim VVD.” “Wêrom?” freegje ik en dan folget er in dreech petear. Oer hypoteek en ynkommen.

Myn man rint mei de SP fuort.

Ik wie altiid fan hûs ùt in CDA stimmer. Mar der kin ik my nèt mear yn fine. Ysbrand Buma hat it mar oer de moraal. Wat bedoeld hy der mei? It kristenwêzen? Wêrom seit hy it dan nèt plan ùt?

De Christen Unie ha ik ek in pear kear op stimt mar dy is tsjin homo’s en abortus en ik nèt. SGP is foar my gjin opsje: froulju meie allinich it wurk dwaan foar de party mar net oan mei de ferkiezings dielnimme.  

De PVDA miskyn? Myn heit wie in kristensosjalist. En dat bin ik ek mar by welke party moat ik dan wêze?

Mar stemme sil ik. Ik bin in iviche twivelder. Wat is goed foar ùs? Foar de mienskip wer`t ik diel fan ùtmeitsje?

Wa wol noch kofje?” freegje ik. It petear wurd fûleindicher…

Diele mei:

One Comment on “Twivelder

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien