Heit

Ik bin in kast oan it opromjen en kom it kondolèânsjeregister fan ùs heit tsjin. Ik gean op de grûn sitten en begjin te blêdzjen. Op de earste bledside stiet syn namme, berne yn it jier 1904 en ferstoarn op 27 novimber 1968. Fiersten te jong rekkenje ik ùt. Wat is nò 64 jier hjoed [Lês mear »]

Fotomodel

Ik wol oare foto`s op myn webside. Hieltiid sjoch ik wer de selde kop foarby gean. Ik wol in totale oare look-and-feel. Mar wa moat dat dwaan? Der binne gjin strjitte-fotograven mear. En de buorman fjirder op mei syn jûkel fan in kamera fertrou ik net sa bot. Mear sjow dan kunde. En sa stiet [Lês mear »]

Ynterview

“Wol us memmeminske in ynterview oer my meitsje?” freget de soan. De rederij wol ferskate fan syn wurknimmers yn de spotlight hawwe.   “Nò is it myn beurt. Ik soe net witte hoe dat moast.” seit er. “As stò my nò de handfetten jouste dan sil ik er wol wat fan meitsje.” sis ik. Mar dan komt de [Lês mear »]

Beppe

“Binne jo al beppe?”  “Hoe sa?” sis ik. Hûnderd kear wurd my dat frege. “No ja. Jo hawwe de aldens.” is it antwurd. “Hawwe jo al beppesizzers?” komt er faaks achteroan. As ik dan skodholje komt de fraach; “Misse jo dy dan nèt?” “Nè,” sis ik; “ik wit net wat dat is. Wat jo net kenne, misse jo [Lês mear »]

Eelkje

“Komst op myn  resepsje?” mailt se; “Ik  bin de tritichste jierdei. Dan wurd ik sântich.” Ik hie sels oare plannen mar se hâld fol; “Do komst dochs wol?”   Eelkje is in bysûnder frommeske. Wol fyftich jier kin ik har. Yn de earste jierren as sportyf jongfaam dy fan alles ûndernaam. Se gong nei de ULO en [Lês mear »]

Wachtwurd Hoe gie dy ek alwer?

Hoe voel je je vandaag?” freget Facebook my. “Wat attint!” tink ik dan; “Wa soe dat no wichtich fine?” “Je hebt er weer een nieuwe vriend bij.” seit hy efkes letter. No, dat is moai fansels, mar wa is dat dan? “Je hebt een vriendschapsverzoek.” seit hy in noch in kear. Der moat ik mear [Lês mear »]

Freonskip

Der sit se ûnderùt yn har stoel op har fêste plak. Ik bin op besite by in freondinne dy ik al hiel lang ken. Jierren binne wy befreone west. Wy koene mekoar fan binnen en fan bûten. Wy wiene ûnskiedber en altiid tegearre op stap. Sy en wy siten beide yn it bedriuwslibben. Oan alle [Lês mear »]

>