Mokses Om in krúskop fan te krijen

doitWa kin my helpe??” rop ik nijsgjirrich.

De lampkes boppe it oanrjocht ferhippe it wer es. Yn it tsjuster bin ik oan it griemen en kin neat fine. Nije lampkes kocht mar nee hear.

Myn man is mear it type fan ried jaan en in oar it wurk dwaan litte.

“Moast earst sjen as it oan de triedden leit.” seit hy.

“En wat foar soarte skroevedraaier moat ik ha?” freegje ik.

“Do moast in krûskop skroevedraaier ha.” seit er.

Hoe sjocht sa’n ding er út? 

Yn  myn libben ha ik al hiel wat koppen sjoen mar noch nea in krûskop. En as dat noch net genôch is, docht de printer it ek net. En dy moat ik hjoed krekt brûke.

Ferwezen en mei de pest yn sjoch ik om my hinne. Wat no? “Rêstich bliuwe.” sis ik tsjin my sels; “Do moast dy net sa opwine. Earst mar in gleske wyn en alles mar wat besinke litte.”

En dan, bjusterbaarlik; de printer docht it wer. “Goh, wat bin ik dochs handich. Ik bin grutsk op my sels.” En no de ferljochting boppe it oanrjocht noch.

“Ik lit in monteur komme!” rop ik. “Betellest sto dy ?” 

Wat bin ik dochs in mokses op it mêd fan de technyk… 😡

LÊS EK:  It each
>