Eelkje

eeltsjeKomst op myn  resepsje?” mailt se; “Ik  bin de tritichste jierdei. Dan wurd ik sântich.”

Ik hie sels oare plannen mar se hâld fol; “Do komst dochs wol?”  

Eelkje is in bysûnder frommeske. Wol fyftich jier kin ik har. Yn de earste jierren as sportyf jongfaam dy fan alles ûndernaam. Se gong nei de ULO en siet letter op kantoor fan in bank.

Se wie by de The Party Players, in ploechje minsken fan drummers, sjongers en akkordeonisten. Se treden oerâl op yn de provinsje. Se stie midden yn it libben en neat wie har tefolle.

Op har sechtsjende begong sy mei rechklachten. De hûsdokter hie it oer in hernia en de eachdokter sei dat it oerspanning wie. En mei de goeie medisynen soe dat wol goed komme.

Mar nei fiiftjen jier fan omsukkeljen fan letterlik fallen en opstean kaam de wierheid oan it ljocht. Se hie MS. Ze wie bliid dat se einlik wist wat sy mankeare. Dernei folgen jierren fan delgong.

As sy skillet dan docht sy dat mei tikken want se kin net mear prate. As se in kear fuort wol giet se mei in ambulanse en twa begelieders. Se hat nei in grut gefecht mei allerhânne ynstânsjes in oanpaste wenning krigen. “It is hjir geen GTST mar GUSU; Goede Uren en Slechte Uren” seit se.

Op har jierdei kamen ferdield oer de hiele dei wol san sântich minsken lâns om har de hân te jaan. Bliid mei laitsjende eagen giet alles oan har foarbij. 

Eelkje, famke… wy hawwe grutte bewûndering foar dy! Foar ùs biststò in Nobèlwinnares, nèt foar de frede mar tsjin de sykte Multiple Sclerose.

Ùt de tikken fan de telefoan meitsje ik op; “Moai dastò der by wieste!”

3 Comments on “Eelkje

  1. It ljochtsje op in paad foar in oar moasten wy op 5 septimber loslitte.

    • Koest sto har Elske ? Sneon bin op kremaasje west.Har hiele libben MS hân. It is in rot sykte dy stadichoan it hiele lichem sloopt.

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien