Skimerjûn

Yn it healtsjuster sit ik achter yn de tùn. It is deastil om my hinne. Sa no en dan besiket in fûgel noch in bêd en brochje te finen foar de nacht. Witte jimme wol dat it moaiste momint fan `e dei de skimerjûn is? Jo hearre gelûden dy jo oerdei net hearre. De minske [Lês mear »]

Byldzjend

Byldzjend ferhellet de dochter oer ha mem. Ik bin op de begraffenis fan in frou op jierren, net sa tryst dus. Mar foar de bern is it altyd dreech om ôfskie te nimmen fan immen dy`t jo jo libben lang kinnen hawwe. Wat my rekke wie de taspraak fan de dochter. Hja helle oantinkens op [Lês mear »]

Grutsk

Ik hâld net fan lju dy grutsk op hun sels binne. Der ha ik altyd in yngeande hekel oan hân. Mar dit is wat oars; ik bin grutsk op my sels. Nei dagen fan wrotten en bealgjen is myn terraske klear. Kroaden mei ùtgroeven modder fertôge fan it iene plak nei it oare. Doe moast [Lês mear »]

Unbegryp

Gesellich de allesbaander oan en oerâl steane kearsen. De trije hûnen ha de waarmte fan de kachel opsocht. Twa katten ha it hegeropsocht, de oare trije fine it bûten nofliker. Gerrit, de pony, leunt tsjin de hikke oan en fernuvert him mei in baal hea. De beide Hingelbûkbargen gnoarje yn de fierte. “Gesellich.” tink ik [Lês mear »]

Ynventyf

“Ik wol in terras op `e sinnekant.” sis ik tsjin myn man. “We hawwe dochs ien.” seit er mei in djippe sucht. “De sinne is er allinnich moarns.” bring ik der tsjin yn. Wat is dy man altyd swier settich; alles moat bliuwe sa as it is. As ik syn sin dien hie hiene wy noch tusken de pùnheapen wenne [Lês mear »]

Oppenearje

Ik mei my noch wol es oppenearje en myn miening earne oer sizze. En dat wurd net altyd wurdeare. En omdat ik tink dat elts rjocht fan sprekken hat sis ik it yn dùdlike taal sûnder omwinen. Ik ha leard troch skeade en skande mar dochs myn aard ferleagend him net. It beperket him net [Lês mear »]

De heechwurker

Samar op de iere moarn komt in grutte heechwurker de strjitte yn riden. It ferkear wurd mei linten ôfset. In pear manlju rinne der omhinne. “Wat soene dy fan plan wêze?” freegje ik my ôf. Nijskjirrich folgje ik hun bewegings. Stik foar stik wurde de beamen besjoen en betaaste. Dan riid de heechwurker nei de earste [Lês mear »]

Mienings

De lûden wurde heftiger. De keamer zit fol minsken nei oanlieding fan in jierdei. Mei de kofje is eltsenien noch reedlik kalm. Rêstich giet it praat oer deistiche dingen sa as it waar en sûnens.   As it letter wurd en der komt in drankje op tafel dan wurd it petear fûleindiger. It falt my [Lês mear »]

Weromsjen

Mei in bernewein sûnder kape rydt in mem mei in lyts famke troch it doarp. De boaiem wie der ùthelle. Sa koene der twa bern yn sitte. It famke wie de jongste fan fjouwer en blier as altyd. De mem moast dan ek om it hurtsje stean bliuwe. It famke waakse op yn feilige omkriten. [Lês mear »]

>