500-ste!

durk_150Ik kin it net.

Earst wie der de SMS. Us mem woe graach berjochtjes ferstjûre want dat koe wolris maklik wêze. Mar doe ik har sei hoe it moast, sei se; “Ik kin dat net. Dat is té dreech foar mij.

Net lang dernei  kamen de earste SMS-kes oan  rûgeljen. Se hie sels ùtfûn hoe dat moast.

Doe wie er de kompjûter; us mem woe ferhalen skriuwe ensfh.

Doe ik har sjen liet hoe dat Word wurke sei se; “Ik kin dat net. Dat is té dreech foar mij.

Net lang dernei  kamen de earste berjochtsjes  binnen fia de mail, kreas  opmakke yn de goeie lettergrutte en skriuwwize.  Us mem hie sels ùfûn hoe dat moast.

Doe kaam har weblog. 

En dus tocht ik, Soan D., in webside is miskyn wol wat foar har. It earste wat se sei : “Ik kin dat net. Dat is té dreech foar mij.

En no lêze jo, lêzer, it 500-ste stikje. Us mem hat it measte sels ùtfûn. En ik ? Ik soarchje allinich foar de omballingen.

Wat no ‘stopje‘, us memmeminske?

500? Dit is pas it begjin!

Soan D.

mem_150Heintje Davids

Earst ien. Doe  twa. Doe hûnderd. Stadich oan rûn it ùt `e hân. Tûzend kear woe ik ophâlde.

Wat earst begong as grapke wreide him ùt ta in opdracht oan mysels. Ik ha it oer dizze side. Hjoed ha ik myn 500-ste stikje berikke.

As ik foar de safolste kear ophâlde woe kaam er wer in barren op myn wei. Faaks gong it oer de lytse dingen fan alle dei. As ek it tiidsbarren fan hjoeddedei. Somstiden oer fertriet mar meastal oer fleurich barren.

LÊS EK:  In Miening

En altyd gongen se oer gewoane minsken elts hat syn eigen ferhaal en belibjen.

Mar ek gongen se gauris oer bisten, natûr en oer alles wat libbet. Mar nò nim ik my foar; de 500-ste is in moai getâl om op te hâlden. Men wit it nò wol, it sêdingspunt is berikke.

Sei Heintje Davids ek net altyd dat se ophâlde soe?

Tank foar dyn geduld en stimulearjen, soan! taart

  • Lokwinske, en `gewoan` trochgean! Soan D. hie it goed foar it snotsje watst kinst en wolst;-))))

  • >