De heechwurker

Untitled-1Samar op de iere moarn komt in grutte heechwurker de strjitte yn riden. It ferkear wurd mei linten ôfset. In pear manlju rinne der omhinne.

Wat soene dy fan plan wêze?” freegje ik my ôf.

Nijskjirrich folgje ik hun bewegings. Stik foar stik wurde de beamen besjoen en betaaste. Dan riid de heechwurker nei de earste beam ta. De mannen begjinne de tûken ôf te snijen mei grutte seagen.

De skrik slacht my om it hert; soene se de beamen roaie? Ja hear, de kealslach is begong. Wy wenje yn in strjitte wer`t oan beide kanten prachtige beamen stean.

Yntusken falt de iene nei de oare beam oan de kapkoarts. Ik kin it net mear oansjen en sykje de baas op. In jonge lange fint jowt oarders. Ik besykje troch it leven fan de heechwurker hinne te razen. De mesjine wurd stop set. 

“Wat moat dat?” ropt er. “Werom moatte dy beamen kapt wurde? rop ik. “Se hawwe de ypsykte.” ropt er. “Allegearre? rop ik noch. 

Efkes letter stean ik op wacht by de beam foar hûs. Der sil de heechwurker net oan komme, dan sil hy my ek yn stikken seagje moatte. Der wurd oerlis plege en de heechwurker giet om my hinne.

Dat ha wy  dochs mar moai wer oprêdden.” sis ik tsjin de beam. En it is krekt as glimket  er. As kin dat net?

Diele mei:

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien