Grutsk

Untitled-1Ik hâld net fan lju dy grutsk op hun sels binne. Der ha ik altyd in yngeande hekel oan hân. Mar dit is wat oars; ik bin grutsk op my sels.

Nei dagen fan wrotten en bealgjen is myn terraske klear. Kroaden mei ùtgroeven modder fertôge fan it iene plak nei it oare. Doe moast er sân komme en wat er oerblean ùtsuttele yn `e buorren.

Geart neist ùs hat it kreas bestrjitte, dat moat ik sizze. Mar de omballingen wiene foar my. En omdat ik gjin achtsjen mear bin foel my dat raar ôf. Mar it resultaat is er dan èk nei.

Nije stuoltsjes mei fleariche kessentsjes meitsje it ta in noflik tafriel. Dèr sit ik dan mei in grutskgefoel om my hinne te sjen. Dat ha ik dochs mar wer foarelkoar krige.

"Wat moast nò by de kop ha?" freget er. Somstiden kin dy man my net mear folgje, snap jo dat nò?

'Het zijn de kleine dingen die het doen, die het doen'.        Wa songen dat ek al wer ?

mem terras

Print Friendly, PDF & Email
Abonnearje
Notify of
guest

5 Comments
Âldste
Nijste
Inline Feedbacks
View all comments
Soan D.

Kreas dien! Dat moat een flinke bealch wurk west ha! 😉

babbelegoegje

Jaja, as Wokke in nei terraske wol, dan krijt se in nei terraske, man fan Wokke. :mrgreen: 8)

babbelegoegje

Sa dat. Sjocht er gesellich út hear. Knap dien.

5
0
Would love your thoughts, please comment.x