Mienings

talk-too-much-blah-blah-blah292De lûden wurde heftiger. De keamer zit fol minsken nei oanlieding fan in jierdei.

Mei de kofje is eltsenien noch reedlik kalm. Rêstich giet it praat oer deistiche dingen sa as it waar en sûnens.  

As it letter wurd en der komt in drankje op tafel dan wurd it petear fûleindiger. It falt my op dat de ynhâld fan de petearen en de mienings hurder wurde.

Elts is tsjintwurdich  troch de media op ‘e hichte. No de minsken âlder wurde en langer by de tiid bliuwe is de ynteresse yn alles grut wurden.

It falt my op dat dit grûpke minsken in ofspegeling is fan de maatskippij. Foar Wilders ha guon gjin goed wurd oer, oaren just wol. Volkert van der Graaf komt frij, it grutste part is it der mei nèt iens. Lokkich is de NSS 2014 oan bar, de measten binne loofjend oer Obama.

En sa komt de rêst wêrom. Nei it lêste slokje giet elts op hûs ta. Wylts ik de brot oan it oprêdden bin oertink ik de ferskate mienings. Binne wy hjoeddedei wol sa gelokkich no`t wy mei fan alles op de hichte binne? 

We hawwe it wer hân en ik bin ùtpoept.

Diele mei:

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien