Idealistysk

Och, wat bin ik bliid dat dy gemeenteferkiezingen achter de rech binne. Nei oanrin fan dit barren wiene de grutte kopstikken fan ferskate partijen net fan it byld te slaan. Ik moat sizze ik ha der gjin krommel ferstân fan. Ik hear eiglik by alle partijen. Ik bin yn de polityk folslein in analfabeet. Myn woartels … Read more

Ik hoech neat

Ik bin ynkoartens jierdei. Elts jier wer wurd my frege hast ek winsken. “Nè,” sis ik altiid; “ik hoech neat.” Guon minsken meitsje it hiele jier troch liskes wat sy graach ha wolle. Ha ik ek es besocht mar as it safier wie, wie ik it liske kwyt. Ik ha in spesjale kast foar presintsjes. Jo … Read more

Unyke gearwurking

De Meniste tsjerke sil in yngripende ferbouwing ûndergean. It is in gebou ùt de 17 de ieu en is nedich oan restauraasjen ta. It dak is min en de grûn is fersakke. Der binne ferskate aksjes op touw set. Mei rommelmerken, boekeferkeap en konserten is er in fiks bedrach byelkoar skrabbe. Nèt te ferjitten mei … Read more

Maitiidsridel

Ik ha gjin rêst mear yn it gat, ik ha de ridel yn it gat. Der moat fan alles om my hinne barre. De planten dy yn it hok oerwintere ha komme nei in lang skoft wer foar`t ljocht. Wat soe er noch fan oerbleun wêze? Ta myn grutte foldienes hoech ik neat wei te … Read more

De bûtekant

“Dat ding docht it net mear.” sis ik en skop tsjin de kuolkast. Dat wol wol es helpe. Dat ha ik es mei de televyzje dien do it noch net in plat skerm wie. “Moast him mar es goed skjin meitsje.” seit er. “Goed.” sis ik en triuw him in skûlk yn `e han. “Hy … Read more

Uniens

“Wêrom net yn it Frysk?” freegje ik. We sitte wer es byinoar om in stik as wat jierdeis te fieren. Omdat wy meielkoar âlder wurde smite wy de jierdeis op in bult. En ik moat sizze; it binne geselliche dagen. En as de kofje en de Oranjekoeke oan kant is komt de borrel op tafel. En … Read more

Oerdriuwe

“Do moast nèt sa oerdriuwe.” seit myn man. Ik ha in ôfwiking. Ik wit it sels duvelse goed. Ik kin net oer wredens tsjin bisten. Ik tink dat kieme yn de oarloch lein is do ùs heit myn knyn slachte. Katten en hûnen dy mar raak fokten fong ik op. Kamen der tefolle dan makke ùs … Read more

De leedsizzer

Fan hearren en sizzen komme wy te witten dat in hiele goeie freon fan ùs ferstoarnt is. “Wêrom ha wy gjin in leedbrief krige?” sis ik tsjin myn man. “Dy komt noch wol.” seit er. De dagen geane foarby mar gjin leedbrief. Dan seit immen; “Se hawwe de oankundiging op Facebook en Twitter setten.” “Ja mar … ” … Read more

De gelokkigste tiid

“Wat wie de gelokkigste tiid fan dyn libben?” freget myn freondinne. Under de kofje sitte wy wat te filesofearjen. It is stil om ùs hinne en it momint foar sokke gewissefragen. Ik wit it nèt. Fansels binne der genoch mominten west dat ik my lokkich fielde. Mar ik bin se fergetten. Fremd is dat. Wêrom kin … Read more

Frijwilligens

“Ik moat frijwillegerswurk dwaan.” sei myn buorman.  Hy is altyd selsstannig undernimmer west yn it frachtferfier. Mar troch lichemsbeheindens rekke hy der ùt. Foar de nuverste putsjes wurd hy no frege. “Ik fiel my minderweardich.“ seit er mankelyk. In oaren ien betocht sels om wat te dwaan foar mienskip en melde him oan. Mar de oare deis … Read more