Ôftakeling

troch Posted on 7 Comments 1 min read 172 views

alzheimerMyn man moat in eachkorreksje ûndergean. Syn eachlidden sille ynkoarte wurde. Al in pear jier hat hy tige lêst fan ûntstekkings.

En sa sitte wy te wachttsjen op de man dy der wat oan dwaan sil. Wylts hy ûnder it mes is sit ik om my hinne te sjen.  In pear minsken bledderje wat ferfeeld yn âlde tydskriften.

Dan yn ienen sjoch ik har sitten; Gelske. Wy fietsten eartiids tegearre nei de hushâldskoale. Sy wie de dochter fan de slachter ùt myn doarp. Sy hie ien suster, in tige knap ding. Jo moasten wol omsjen as hja foarby kaam.

Samar ynienen kaam er in oan har libben. Fan doe ôf oan moast Gelske thus komme en waard faam by heit en mem. Letter trouwde se mei de buorjonge, de soan fan de bakker. En sa bleun se de faam fan man, heit en mem. 

Smoarryk bleun se achter. Mar wol allinne.

Gelske!” rop ik noch ris; “Kinst my noch wol? Wy fytsten altiid tegearre skoalle.” Se glimket mar kin my nèt meer. De ôftakeling is ùt ein set. 

Mei in grutte pleister op syn each stiet de man te wachtsjen. Wer bliuwt se nò?

Oebele

troch Posted on 0 Comments 1 min read 159 views

caravan“Binne jo moarn thus?” freget er; “Ik bin Oebele, de timmerman.”

De huzen yn ùs strjitte sille skildere wurde en no giet hy foar de fervers ùt om de rottiche plakken te reparearjen. Ik hie al in pear kear de hierbaas skille oer de minne steat fan de ferve en ferskate mailtsjes stjûrd. Mar der kaam gjin asem op.

Earst mar in bakje, net?” sis ik; “Wy moatte dochs witte wat wy oan elkoar hawwe.

Hy komt ùt Jobbegea. Yn de jûntiden en de wykeinen hat er syn eigen hûs bouwd. “Yn de frije sektor. seit er. “Ik koe myn gong gean.”

“Hast it hielendal sèls dien?” freegje ik mei bewûndering.

“Ik ha allinnich in skets meitsje litten. Mear net. Myn freondin en ik hawwe trije jier yn in karavan wenne. Trije  kâlde winters ha wy meimakke. Somstiden seach ik it nèt mear sitten. It wie in tè grut karwei foar ien man.

“Is it moai wurden?” freegje ik nijsgjirrich. Hy rekket er nèt oer ùtpraat.

Mar dochs wolle wy it hûs wer ferkeapje. Wy binne ûnwennich fan de karavan. Dat wie sa smûk tegearre!

De Chileenske

troch Posted on 0 Comments 1 min read 136 views

vlagIn pear strjitten fierder op wennet in Chileenske frou. Gauris meitsje ik in praatsje mei har.

In jier allyn ha ik har foar it earst metten. Ik hie in flierkleed kocht en hie it swiere kring oprolle yn myn boadskipweintsje. Fansels gie dat mis. Mei grutte muoite sette ik it  hieltiid wer tebek yn de karre.

Kan ik u  misschien helpen?” frege se. Der stie in behindich donker frommeske foar mij mei in blier gesichtsje.

Tegearre bringe we de karre mei it kleed thus.  Ûndertusken fertelde se my dat se ùt Chili kaam. Se hie har man in Nederlander metten yn har heitelân. Op myn kompliment dat se sa goed de Nederlânske taal behearske seit se: “Ik ben onderwijzeres en geef onder andere Franse les aan scholen.”

We krigen it kleed thus. Fan doe ôf oan makken wy regelmjittich in praatsje. Oant  ik har juster wer moette.

Mijn man is intussen overleden.” seit se fertritlik; “We hebben samen tien gelukkige jaren gehad. En nu ga ik weer les geven want een mens moet in zulke omstandigheden afleiding zoeken. Earst sil se mei fekânsje nei har heitelân.

We nimme hertlik ôfskie. “Maar ik kom terug.” seit se.

Ik wol mei fekânsje nei Chili. Dat is san prachtich lân en der wenje sokke aardiche minsken.” sis ik tsjin de man.

Hy sjocht my fremd oan. Hy kin my nèt  altiid  folgje …

Jan

troch Posted on 1 Comment 2 min read 156 views

allinnich“Buorfrou! ” ropt ien oer it hekje. 

Ik sit achterhûs en ha my del jûn mei in tiidskrift. De buorlju om ùs hinne binne mei fekânsje. Ik genietsje fan de stilte om my hinne. Gjin gûlende bern en lûde stimmen fan minsken dy it net iens meielkoar binne.

Buorfrou!” hear ik noch es roppen; “Meie jo wol kersen?” Ik gean nei him ta. Der stiet er mei in skaaltsje. “Kom mar fierder.” sis ik. “Ja mar past it wol?” seit er skrutel.

Jan is in man dy in eintsje fierder op wennet. Hy is wat in typstra. Hy hat mei alle minsken om him hinne spul. Hy hat as bijnamme; Gekke Jan.

In skofke allyn is syn freondinne foartrûn. Op in sneontemoarn stie in ferhûsauto foar. Jan hie nachttsjinst en hat neat murken. Hja wie in bistefreon en naam al it fè mei. Knienen en wol fyf katten gongen yn de oanhingwein. Yn in oere wie alles beslikke.

Jan kaam thus en hat him yn dagen net sjen litten. Allinne moast de plysje ien kear lâns komme; hy hie de musyk te lûd stean. Yn in momint fan betrouwen ferhellet hy oer syn libben. Hy is iensum, hat net ien freon en de femylje wol ek neat fan him witte.

Wat moat ik derop sizze? “Kom mar gau es dèl,” sis ik tsjin him; “de doar stiet altiid iepen.

“Wêrom seist dat?” seit myn man; “Aanst hawwe him altiid om ‘e tiennen.

Wat kin dy man fan my rou wêze. Moast hy es allinnich wêze…

Genietsje

troch Posted on 0 Comments 2 min read 132 views

buddhaYn in grutte slide komt se foar riden. Gauris moat ik op hun beide Chiwawa`s passe. No wol se wat wêrom dwaan.

“Hast wol jild by dy?” ropt  hy my nei. ‘Hoe soe ik no sûnder jild yn san auto stappe ?’ freegje ik my ôf.

Nei dat wy ynstapt binne freget se my gauris; “Zit je goed?” De stoel wer`t ik  op sit wurd sa no en dan ferskoat. “Zit het zò goed? Ik knik mar.

Het is jou middag, hoor!” seit se laitsjent ; “Waar wil je heen?” Foar dat ik wat sizze kin sweefje wy foart. “Ik had zo gedacht: jij houdt van tuinen. We gaan naar Diever. Daar is zijn prachtige tuinderijen. seit se. 

Se set de loftblazer oan en in wolk fan Lelietje-van-dalen  swymket om my hinne. We sweve  oer it platte lân fan Drinte. ‘It is dochs wer oars as op ‘e fyts.’ betink ik my.

In ferlierdelike mannestim seit hoe wy ride moatte. “Wil je ook wat drinken?” freget se en drukt earne op. Ferskate drankjes geane oan my foarby.

We binne der en ferlekkerje ùs oan alles wat der groeit en bloeit. Ùt alle hoeken en hernen binne bylden te sjen. It falt my op dat er noch al wat Buddha`s steane. De iene glimket my oan en in oare ien fynt my mar in wûnderlik mins tink ik.  

De ferliederlike mannestim bringt ùs wer thus. De slide hinget lichtsjes achteroer : op it gewicht fan it byld is hy net bouwd.

Ga je nog eens mee?” freget se; “Er zijn nog zoveel tuinen te zien…

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien