Sterkte

Foto troch Sharon McCutcheon fan Unsplash

Ik wist net dat ik sa ferneamd wie.

Grutte en lytse kaarten streame binnen. De post rint him it fjûr ùt de sportskuon.

Oerâl stiet boppe ‘Sterkte’, fansels goed bedoelde winsken.

Is der ek in oar wurd foar om in minske krêft ta te winskjen, frege ik my sels ôf.

Ûs taal is somstiden mar beheind, en kin net goed dùdlik omskriuwe wat min field.

Ek moaie gedichtsjes, selsmakke ferskes komme foarby. In prachtige eigenmakke kaart fan pjutters ùt it âldereinhûs.

Miskyn is dat de krêft wol. Dat lyts en grut blike lit; wy begripe dyn smerte wol.

Sterkte.

Abonnearje
Notify of
guest
2 Comments
Âldste
Nijste
binance registrering

Can you be more specific about the content of your article? After reading it, I still have some doubts. Hope you can help me.

创建个人账户

Your point of view caught my eye and was very interesting. Thanks. I have a question for you.

2
0
Would love your thoughts, please comment.x