Wiete fuotten

Ik kom fan bed en bin yn ien klap klear wekker. Myn man hie my al warskouwe; Ollie hat it fan nacht net droech hâlden.

Mei dat ik fan de trep ôf op de grûn stap, stean ik op in dweil-troch-wiete flier. Myn earste betinken wie: ‘Dit hat Ollie nèt dien. Dit is fan swierder kaliber….” It flierkleed fan it sitsje komt my al te mjitte driuwen. De hûnen siikje it hegerop, hja witte nèt wat hun oerkomt. Ik rop nei myn man:”Hast de kraan iepen stean litten?” Want hy wurd somtiden wat ferjitlik, sjoch. Ik wachtsje net op syn antwurd en skilje mei de bouferieniging.

De mannen fan de riolearring sille dalik lâns komme.“, sizze sy my ta. Yn ôfwachting fan begjin ik te dweiljen en prottelje wat ôf. Myn hiele programma is yn ‘e war. Mar lokkich is dèr de man fan de riolearing en al gau kinne wy ùs gong wer gean. Wat ha ik in respekt foar dit soarte minsken want it is nèt it moaiste wurk, liket my. Der stiet tsjin oer, hja hawwe altiid tankbere klanten.Yntiid ha ik de fersekering skille en mei in bakje kofje en in praatsje binne wy yn goeie harmonye ùtelkoar gien. Mar wy hawwe it noch net hân, nò komt it noch alles moat der ùt.

Mar dan sjoch ik hoe de tyfoan Irene hûshâld. En skamje my djip…

foto: onweer-online.nl

 

 

Diele mei:

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien