Naivens, noflikens as needsaak

troch Posted on 2 Comments 1 min read 271 views

tegelWat betelje jimme oan hier?” freegje ik myn skoansuster.

Se sjocht myn broer oan. “Wist sto dat?”

“Nè, ik soe it net witte.” seit er; “Ùs Geale docht de boekhâlding.”

We hawwe ek wer hiersferheging krige.” sis ik tsjin myn suster; “Hoefolle hasto krige?”

“Ik soe it net witte. seit se; “Jappie rêd him der mei.

Yn dy tiid doe ik in winkel hie kamen wol gauris frouljesklanten mei de fraach; “Hoe moat ik mei in sjek betelje? Hun man regelde de sinteraasje.

Foaral myn generaasje liet dat oan de man oer. Ik ha my der altyd tsjin ferset. It betsjutte ôfhinklikens. En ik woe oan net ien ferantwurding ôflizze moatte.

As ùs mem ien kear yn it jier om in permanentsje gong moast se ùs heit freegje om sinten. Dat wie doe des tiids de normaalste saak fan de wrâld. De froulje wiene allinnich foar de bern en de tûzend dingen die gjin namme hienen.

Lokkich binne de tiden feroare en binne wy lykweardich wurden. Mar jo binne noait te âld om te learen. Sa lang as it kadaster noch goed wurket is it noch nèt te let.

Is it noflikens, naivens  as needsaak fan myn generaasje?

Fertriet

troch Posted on 0 Comments 1 min read 295 views

frisoJuster kamen wy te witten dat Prins Friso oan de gefolgen fan in sky ûngemak ferstoarn is. Nei moannen fan hope en ferwachtings is it foarbij. Wy libje mei de Keninklike femylje mei.

Ek wy hawwe trije jongens wer fan de âldste troch in hertoanfal ferstoarn is. Dêrom kinne wy ùs goed ynlibje yn it fertriet wat dit jaan moat.

In bern ferlize kom jo nea wer oerhinne. It kriget nei ferrin fan de tiid in plakje. De goeie neitinkens sille de oerhân krije mar de pine sil bliuwe.

Folle kreft tawinske foar de neibesteanden.

 Troch Tiden hawwe Tiden.

Kleme

troch Posted on 2 Comments 1 min read 278 views

cursorIt is mids yn `e nacht. Ik bin klear wekker en kin my net mear deljaan.

Hoe soe it mei de soanen gean? Ik ha in skofke neat fan hun heard. No ik dochs achter it skerm sit moat ik mar efkes kontakt siikje. Myn man sliept as in poep en Max is ek allang yn it hûnedreamen lân.

Earst mar efkes chatte mei de iene soan, dy libbet meastal ‘s nachts.

Hoe wie dyn snein?” sil ik sizze. Dat is altyd in goeie ynkommer. Stoef sit ik nei it skerm te sjen. Mar der komt gjin asem. Noch mar es besykje. Miskyn sit hy yn in spannende film. It is ommers sneintenacht? Noch gjin reaksje.

Dan mar sms-se nei de oare soan; dy is grif wekker. Hy sil wol allinnich yn it tsjuster yn de stjûrhut sitte en dikerje nei it radarskerm. Mar ek dy jout gjin krimp. 

Dan yn ienen hear ik hja mei argewaasje sizzen; “Mem moat ùs nèt sa kleme, hear! Wy moatte ùs eigen libben belibje.

Mar wèr bin ik dan yn de goedichheid mei dwaande ? 

Noch efkes sjen. Min wit mar noait.

Dan doch ik it ljocht ùt.

Hâldst noch fan my

troch Posted on 0 Comments 2 min read 261 views

cute-love-animated-heartWy sitte op in terraske oan it wetter en binne in middei op stap. Sy hat in auto en ik traktearje.

Ik kin har al in heale ieuw. We trouden tagelyk en krigen beide bern, sy famkes en wy jonges. Der wiene in soart oerienkomsten tusken ùs. En dêrom past it sa goed, tink ik.

En sa sitte wy mei in bakje kofje nei de kloften minsken te sjen dy oan ùs each foarby skowe.

Yn ienen seit se; “Seit dyn man wol es; ik hâld fan dy? 

Fernuvere sis ik: Hoe komst derby? 

“Nò ja,” seit se; “wy binne al lang by elkoar en soks seit hy noait mear.

“Nò ast it sa seist,” sis ik; “dy man fan my èk nèt.”

“Hoe kin dat nò? seit se; eartiids sei hy it te pas en te ûnpas. “It hoecht fansels ek nèt hieltyd. sis ik.

“Nè mar ik fiel my somstiden by it meubilêr hearren.” giet se fierder; “Hy sjocht my net ècht mear. Ik bin er altyd west en sa sil it altyd bliuwe.”

We prate der noch in skofke oer troch en komme ta de konklùzje dat it wol goed sit mei ùs mannen.

Allinne wy wolle sjoen en heard wurde. 
 
“Hâldst noch  fan my?” freegje ik. “Dat wist wol.” seit er en lit de hûn ùt.
 

Naamloos-1Sykhelje

fierte is net sa fier as je tinke
molke net sa wiet as je ’t drinke
wille net sa blier as we wolle
as no de ko skyt as de bolle

de wrâld om ús hinne meie we meitsje
te roppen, te gûlen, te laitsjen
in minske is nuver en bysûnder
sa ek ús libben, ús wûnder.

Ik hâld fan dij !

Troch R. Comello, Berltsum

It wurdboek

troch Posted on 5 Comments 1 min read 353 views

wurdboekIk moat in nij Frysk wurdboek ha.” sis ik tsjin mysels. Myn âlde falt ùt elkoar. Hieltyd lizze de blêdden ferspraat oer de tafel en op è grûn. It leit al lang net mear op it alfabet. En as ik in wurd opsykje moat is de blêdside net mear te finen.

En dochs ha ik it brea nedich foar myn webside.

De measte wurden kin ik wol ùt myn holle troch underfining. Mar ik mei gjin flaters meitsje want der komt al gau reaksje op. De reaksjes kinne hiel wiidweidich wêze.

In lêzer ùt Ljouwert gong wol hiel fier. Ik koe better ophâlde mei myn side dan de Fryske taal ta skande te meitsjen. In oare lêzer lit witte; “Der sitte wol flaters yn mar dat steurt my net. Ik giet om de ynhâld.

Mar hoe kin ik no ferhaaltsjes meitsje yn it Hollânsk? Myn deistich libben myn dwaan en litten, tinken en fielen… myn bestean is Frysk.

Ha ik noch net earne in boekebon lizzen? Mar in nije oanskaffe, is dat net wat riskant? Want hoenear komt er wer in nije stavering oan?

Oant salang mar ompiele mei it âlde wurdboek fan W. Visser. Nuver eiglik, ik kin er ek noch net ôfstân fan dwaan. Hy is myn freon wurden. We hawwe  tegearre in soart belibbe.

En sis nò sels; âlde bibels en âlde wurdboeken smite jo dochs nèt by it âld papier?

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien