Gehoarapparaat

Wist sto ek wer `t myn gehoarapparaat is?“, freget myn man. “Nè”, sis ik: “ik ha him er nèt yn.” Hy begrypt myn humor net en giet fjirder mei sykjen. Hy hat ûnder de dûs west en dan leit hy dat ding oeral del. Ik sit efter de kompjûter en hear mar heal wat hy allegearre grommelt.

Ùs Jelle, in Welsh Springer, rint hin en wer en begrypt neat fan syn minsken. “Wat meitsje se hun wer drok..” sjoche jo him suver tinken. Dochs fynt hy it spannend wurden, de earen gean om heech en de stut swypket hin en wer. Ik kin myn kop er net mear by hâlde. Wat hat dy man dochs in drokte? Ik begjin my op te winen. En sis; “Pas dan ek better op dyn rommel!

Om fan it geseur ôf te wèzen begjin ik mei te sykjen. It hiele hûs sette wy op ‘e kop. Op de unmooglikste plakken sa as de kuolkast en de djipfries neat slaan wy oer. Al fûterjend krûp ik oer de flier en fyn ûnder it buro in batterij. Yn ienen giet my in ljocht op: ik ha sa krekt dû ik oan it wurk wie wat kniezen heard. Ùs Jelle hat it gehoarapparaat te pakken krige, myn man is yn alle steaten. “Wèrom hâld dy hûn him net by syn eigen fretten??“, raast er. “En wat moat ik nò tsjin de optisien sizze? Ik ken nèt best sizze; ùs hûn hat him opfretten!” “Dò moast it mar witte,” sis ik; “it is dyn probleem.

En Jelle? Hy hat noch noait sa goed hearre kinnen…

Jou in reaksje:

WP-Backgrounds Lite by InoPlugs Web Design and Juwelier Schönmann 1010 Wien